Wêrom swipe wy hieltyd mar troch? Eksposysje Dopamine hâldt ús digitale gewoantes tsjin it ljocht
Swipe, scrolle, navigearje: it binne allegear bewegingen dy't wy meitsje yn 'e digitale wrâld. Se hawwe ynfloed op ús deistich libben, om't se ús fêstsette yn patroanen en algoritmen. De nije eksposysje Dopamine yn Ljouwert stiet stil by dat yngewikkelde tema.
"Digitale platfoarms foarmje ús rûtines sûnder dat wy it fernimme", seit kurator Teodóra Róka. "Meldingen en algoritmen bepale wat wy sjogge en hoe lang oft wy bliuwe."
Yn HEDEN x Dopamine ûndersiket keunstinisjatyf VHDG hoe't digitale systemen ús gedrach stjoere en wannear't ûntspanning feroaret yn prestaasje.
Yn kombinaasje mei in lêzing, dy't útferkocht wie, wurde besikers útnûge om nei te tinken oer harren eigen digitale gedrach.
Einleas scrolle
Wy scrolle en swipe ús troch de tiid, mar wêrom kinne wy dêr net mei ophâlde? Mediatheoretikus Geert Lovink sprekt yn de lêzing oer technological sadness, de leechte fan einleas scrollen.
Trije keunstners, Toni Brell, Sarah Friend en Lotte Louise de Jong meitsje dy digitale dynamyk sichtber. Se toane yn 'e eksposysjeromte fan VHDG wurk dat him ôfspilet yn 'e firtuele wrâld of dêr bewust bûten stiet.
Op lange Japanske kessens steane AI-ôfbyldingen fan in bleate frou.
"Sarah uteret hjir in soarte fan krityk op it sammeljen", leit kurator Róka út. It giet oer de relaasje keunstner-keunstsamler en hoe't bylden foldwaan moatte oan 'e easken fan in samler of kurator.
Bleat op kessens
"Se hat mei AI bylden fan harsels genereare mei opdrachtprompts, dy't basearre binne op de ferwachtingen."
Yn ferskillende poazes is de artyst neaken ôfbylde. Róka: "Dat is wat je sjogge op dizze libbensgrutte kessens, dy't se brûkt om it boadskip oer te bringen."
Yn de romte stiet in konsertopstelling fan Toni Brell dy't stil bliuwt en der hinget in grutte hoarn oan it plafond.
"Ik bin ynteressearre yn tradisjonele muzykynstruminten en yn dit gefal hoarnblazen", leit Brell út.
Analooch as apart
Har wurk hat gjin digitaal elemint, mar it is just bedoeld as tsjinhinger fan de oare wurken.
"It is mear in besykjen om it analoge oars en apart te meitsjen. En om der sa wille fan te hawwen."
Fierderop lûkt clickbait dy hieltyd fierder it systeem yn. Elk 'exit'-knopke bringt dy werom nei binnen.
Alternative platfoarms
"Eltsenien wit al wol hoe't digitale platfoarms wurkje", seit Róka oer de lêzing en eksposysje. "Mar ik hoopje dat we hjirmei oer alternative platfoarms neitinke kinne. En ik tink dat keunst in krêftich middel is om dat te dwaan."
De tentoanstelling Dopamine is oant en mei 18 april te sjen by VHDG oan it Naauw 6 en 8 yn Ljouwert.