Omrop Fryslân

Tennisser Sander Arends giet mei âlde bekende wichtige perioade yn: "Voor beiden win-win-situatie"

Sander Arends
© Dijks Media
De start fan it nije tennisjier wie net sa geweldich foar Sander Arends. De ôfrûne wiken toant de Ljouwerter ferbettering en dat liket krekt op tiid te kommen foar de man dy't 28ste stiet op 'e wrâldranglist.
"Hong Kong, Australië, Bahrein, India, Nederland, Qatar, Verenigde Arabische Emiraten en Amerika." Yn in pear sekonden dreunt Arends de lannen op dêr't er yn de earste trije moannen fan dit jier spile hat.
"Het is een gekkenhuis, ik heb zoveel tijdzones gehad de afgelopen maanden", laket de Ljouwerter, as er troch syn wenplak Leuven (België) kuieret.
Moandei kaam er werom út Amearika. Dizze wike hat er, foar it earst yn moannen, efkes in pear dagen frij. Sneon fljocht er wer troch nei Monako foar it folgjende toernoai.

Wol progresje, gjin sukses

It nije jier begjint foar Arends mei in nije partner: de Frânsman Romain Arneodo. It wurdt lykwols in minne start, want yn de earste fiif ATP-toernoaien en de Australian Open wurdt al yn de earste ronde ferlern.
Sander Arends (links) mei syn foarige dûbelpartner Romain Arneodo
© ANP
"Dan houdt het op en moet je beslissen verder te gaan", fertelt Arends oer de breuk dy't dêrnei ûntstie mei Arneodo. "Dan is het wel heel lekker dat je gelijk zo'n goede Amerikaanse trip hebt, als je een keuze maakt om iets anders te doen."
Op dy goeie Amerikaanske trip doelt Arends op twa toernoaien, dy't er mei twa ferskillende dûbelpartners spilet. Benammen it toernoai yn Miami is suksesfol: dêryn hellet er mei de Australiër John-Patrick Smith de heale finale.
"Ik ben rustig gebleven, omdat ik voelde dat ik goed speelde. Alleen de resultaten waren er nog niet. Dat dan de beloning komt met deze knalresultaten, is wel lekker."
Sander Arends op argyfbyld
© Marleen Fouchier-van Blanken
Je soene sizze dat Arends en Smith in nij berne tennishoulik is, mar in langere gearwurking tusken beiden is eins net mooglik. Smith stiet nammentlik 51ste op de wrâldranglist en dat is te leech om de kommende moanne meidwaan te kinnen oan de gruttere toernoaien.
Sa komt Arends yn syn syktocht nei in nije dûbelpartner út by in âlde bekende: lângenoat David Pel. Dy stiet ien plak ûnder Arends op de ranglist en dat makket it mooglik dat se de kommende wiken grutte toernoaien yn München, Madrid en Rome spylje kinne.

Wichtige perioade

Yn 2021 wint Arends syn earste toernoai op it heechste nivo, tegearre mei Pel. Sa'n sukses soe de 34-jierrige Arends de kommende wiken ek brûke kinne, want it belang fan dy toernoaien is grut.

De wrâldranglist

Yn elts toernoai dat in tennisser spilet, hellet hy of sy punten dy't meitelle foar de wrâldranglist. Dy punten ferfalle ien jier letter.
Sander Arends hat no hast 2.400 punten op de wrâldranglist. Ungefear de helte dêrfan helle hy foarich jier yn de perioade dy't no foar him leit.
En dus soe Arends, as hy gjin resultaten hellet yn de kommende twa moannen, syn goeie posysje op de ranglist ferlieze kinne.
Dochs besiket Arends him net sa drok te meitsjen oer de kommende perioade.
"Tuurlijk heb je het in je achterhoofd, maar ik ben bezig met een proces, met beter worden en ik voel dat ik op de goede weg ben."
Fjouwer jier lyn spilen Sander Arends en David Pel ek al tegearre
© ANP
Dat er op it goeie paad sit, fernimt er oan de resultaten fan de ôfrûne wiken. "Ik won na zeven verliespartijen voor het eerst eens van Yuki Bhambri (nûmer 25 op de wrâldranglist, red.). En ik won twee keer van Julian Cash en Lloyd Glasspool, een van de beste duo's ter wereld."
Arends: "Je speelt alleen maar topwedstrijden en ik voel dat ik er nu thuis hoor. Het is de bevestiging dat ik op de goede weg ben."

Mei Pel nei Roland Garros?

De earstfolgjende Grand Slam komt der ek al fluch oan. Dat is Roland Garros, dat yn de lêste wike fan maaie úteinset.
Als de klik er is, kan het hard gaan en zouden we door kunnen.
Sander Arends oer de gearwurking mei David Pel
Oft Arends en Pel dan in duo foarmje sille, wit de Fries noch net. "Dat hebben we nog niet besloten. We richten ons eerst op de komende vier toernooien."
Dochs is de ynstek wol om tegearre ek op it Frânske gravel te spyljen. "Als de klik er is, kan het hard gaan en zouden we door kunnen. Maar John-Patrick (Smith, red.) wil ook graag met me spelen. We gaan het zien."
Foar it Nederlânsk team soe in langere gearwurking tusken Arends en Pel ek ideaal wêze. Want de ôfrûne kear foarmen se ek yn it oranje in dûbelduo. "Dat heeft richting de landenwedstrijden ook alleen maar voordelen. Het is voor beiden een win-winsituatie, wat dat betreft."
Yn febrewaris spilen Pel en Arends (rjochts) Davis Cup-kwalifikaasje foar Nederlân
© ANP
Dan moatte beide tennissers wol fit bliuwe. En dat is by Arends gjin fanselssprekkendheid.

Blessueres

Yn Bachrein krige er in bal op it each, yn Yndia rekke er blessearre oan in finger en koartlyn foel er yn Amearika op syn linkertomme.
"Ik heb vier keer in een ziekenhuis gezeten dit jaar om te kijken of er schade was. Dat levert stress op en dan kom je niet in een bepaald soort flow", jout Arends ta.
In lyts foardiel wat syn lêste blessuere oanbelanget: de linkertomme rekke blessearre, mar hy slacht mei rjochts. "Ik dacht toen het gebeurde dat de impact groter zou zijn, maar met medicatie en tape kan ik er de komende weken mee verder."
Sadwaande kin Arends mei de kommende wichtige wiken foar de boech op syk nei folsleine fitheid en syn topfoarm. Wat ek helpt: hy spilet de kommende tiid allinnich mar yn Europa. En dus is it omtôgjen fan tiidsône nei tiidsône ek efkes ferline tiid.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.