Omrop Fryslân

Fryske widze fan prinses Beatrix weromfûn yn Seelân: "Het was puur geluk"

De orizjinele widze fan prinses Beatrix
© Omrop Fryslân
De orizjinele widze fan prinses Beatrix dy't makke is yn Noardwâlde, is weromfûn yn Seelân. Jierren waard tocht dat de widze ferdwûn wie.
It Vlechtmuseum yn it doarp gie dêr ek fan út en begûn sels oan in replika, mar in frou út Seelân werkende de widze. Dy stie gewoan by har op 'e souder.
It baltsje begûn te rôljen troch opnamen van Omrop Fryslân oer de replika fan de widze. Ferskate oare regionale media, sa as Omrop Seelân, namen dit nijs oer.
Het kon niet missen, dat moest onze wieg zijn.
Corry Fierens, eigener fan de widze
De famylje Fierens út Sirjansland seach de widze op telefyzje foarbykommen en fûn him dochs wol in hiel soad lykjen op de widze dy't sy sels op 'e souder stean hiene. "Ik kijk er eigenlijk zelden naar, dus het was puur geluk", fertelt dochter Corry Fierens.
"Ik keek naar het item en ze zeiden: 'We hebben alleen maar foto's.' Maar ik dacht meteen: ik heb meer dan dat. Het kon niet missen, dat moest onze wieg zijn."

Yn 1938 oanbean

De widze dy't boppe wetter kaam is, is sa'n njoggentich jier lyn makke yn Noardwâlde. Dy widze wie in ûntwerp fan Jan Koerts, doetiids de direkteur fan de Ryksreidflechtskoalle.
Yn 1938 waard de widze oanbean op Paleis Soestdijk oan prinses Juliana en prins Bernhard.
De famylje Fierens út Seelân, eigeners fan de widze
© Omroep Zeeland
Fanwegen it 25-jierrich bestean woe it museum wat spesjaals dwaan. It jubileum sil no ekstra bysûnder wurde troch de fynst fan it orizjinele eksimplaar.
"Het voelt fantastisch dat de wieg er weer is", seit direkteur Iwan van Nieuwenhoven fan it Vlechtmuseum. "2026 is ons jubileumjaar en om dat te kunnen vieren met de echte wieg, is schitterend."

Falsk alarm

Nei de opnamen oer de replika krige Van Nieuwenhoven ferskate telefoantsjes fan minsken dy't tochten dat se it echte eksimplaar thús hiene. Hy gie derhinne, mar it wie hieltyd falsk alarm.
"Een man belde ons. Hij zei dat hij de echte thuis had. Ik ben toen samen met Evert Jubbega, de vlechter van de replica, langsgegaan. We moesten helaas snel concluderen dat het niet de echte was."
Evert Jubbega fan it Vlechtmuseum yn Noardwâlde dwaande mei de replika fan de widze
© Omrop Fryslân
Yn Sirjansland wie it oars. Opnij giene Van Nieuwenhoven en reidflechter Jubbega derop ôf en dit kear wie it raak. "We werden hartelijk ontvangen in Zeeland en constateerden toen al snel dat het de echte was."

Generaasjes lang brûkt

De famylje wist wol dat it in keninklike widze wie. "We hebben hem ooit van het Leger des Heils gekregen. We wisten toen wel dat hij ergens bij het Koningshuis vandaan kwam, maar niet dat hij ook echt door hen gebruikt is."
Yn Seelân is de widze yn alle gefallen faak brûkt. "Ik kan me niet herinneren hoeveel baby's hierin hebben gelegen. Generaties wel. Hij is overal heen geweest", fertelt mem Ingrid Fierens. "Alleen de bekleding is niet helemaal meer hetzelfde. Die is wel een stuk of vijf keer verwisseld."
"Het is ook een fijne wieg", knikt Ingrid. "Hij is sterk en ook best groot, dus ze kunnen er aardig in groeien."
Hij gaat voor de expositie naar Friesland, maar daarna gaat hij wel weer terug naar Zeeland.
Ingrid Fierens, eigener fan de widze
De famylje Fierens hâldt de widze yn eigendom, mar skinkt him wol tydlik oan it Vlechtmuseum. "Het museum houdt een expositie. Zolang die loopt, kan hij in Friesland bekeken worden. Daarna gaat hij wel weer terug naar Zeeland."

De widze yn it Vlechtmuseum

De widze fan Beatrix is te sjen fan 20 maaie ôf yn it Nationaal Vlechtmuseum yn Noardwâlde. De eksposysje rint oant ein 2026. Dêrnei sil de widze weromgean nei Seelân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.