Bloednoas, stroomsteuring en Rivella oer de stimbiljetten: ek dit wienen de gemeenteriedsferkiezingen 2026
301.271 minsken hawwe by de ôfrûne gemeenteriedsferkiezingen harren stim útbrocht yn Fryslân. Yn fierwei de measte gefallen ferrûn dat sûnder wryt of slyt. Dochs wienen der hjir en dêr wat ynsidintsjes op de stimburo's. We sette de opfallendste saken op in rychje.
Wat is it wichtichste attribút by it stimmen? Fansels it reade potlead. Mar dat potlead brocht op guon plakken problemen.
Puntsjesliperprobleem
Sa wie der yn doarpshûs De Mounestien yn Mûnein om 19.30 oere hinne blykber al safolle stimd dat it potlead net skerp genôch mear wie. Troch it drukken op it papier waard ien stimbiljet sels ûnbrûkber ferklearre.
Yn MFC It Stedhûs yn Berltsum gie in potlead stikken. Dat wie in probleem: in puntsjesliper wie dêr net foarhannen.
En ek al is der wol in puntsjesliper, dan hoecht dat noch net de oplossing te wêzen, sa bliek op De Jouwer. De puntsjesliper op it gemeentehûs paste nammentlik net op de stimpotleaden.
Dat gemeentehûs op De Jouwer wie it stimburo mei de measte bysûnderheden. Sa bliek de lift yn it gebou te lyts foar scootmobilen en wienen der klachten oer de berikberens fanwegen de opbou fan ljocht en lûd foar de útslaggejûn. Boppedat stroffelen der minsken oer de drompel.
Dat stroffeljen barde net allinnich op De Jouwer: ek op stimburo Nieuw Zuid yn Harns gie it mis.
Yn it proses-ferbaal falt te lêzen: "Mevrouw schrikt door onze vraag over stembepaling en struikelt over drempel, valt voorover. Ben erheen gegaan. Bloedneus + neus voor open. Geholpen met bloed schoonmaken. Ze kon zelf thuiskomen, zei ze."
Yn Wolvegea gie in âlder, breklik pear ûnderút op it gemeentehûs om't de doar net ta stilstân kaam. Dêrby rekken se net ferwûne.
It stimburo yn kafee De Jister yn Eastersee koe om 7.30 oere net iepene wurde fanwegen in stroomsteuring. Ek yn doarpshûs De Brêge yn Ychtenbrêge hienen se lêst fan de steuring, mar "voldoende licht, stembureau open", sa stiet yn it proses-ferbaal dêr.
Trije kertier letter koe der ek yn Eastersee stimd wurde.
In stim foar eltse list
In oar opmerklik ynsidint by it stimburo yn autobedriuw Haaima yn Ljouwert. In kiezer dy't oarspronklik út Letlân kaam, mocht foar it earst te stimmen.
Mar dizze kiezer snapte it net hielendal en hie fan eltse list ien persoan oankrúst. De stimburoleden wienen kûlant en hawwe de kiezer in nij stimbiljet jûn.
Yn MFA De Tynje wienen se wat minder kûlant. Dêr woe in frou in berntsje it fakje op it stimformulier ynkleurje litte. Dat mei net: de frou is lilk fuortrûn en hat twa stimbiljetten yn de jiskebak smiten.
Lilkens wie der ek op it stimburo yn de skoalle Samen Kansrijk Onderwijs yn Drachten. Immen kaam dêr te stimmen mei in folmacht en net mei syn eigen stimpas, dy hie er earder al brûkt. De kiezer hie al in biljet en hat dy stikkenskuord. doe't dúdlik waard dat er net nochris stimme mocht.
De emoasjes rûnen bytiden heech op, sa ek op it stimburo yn it Ljouwerter Lyceum. In kiezer hie dêr meisjoen op it stimbiljet fan de soan fan dy persoan. De kiezer is dêrop oansprutsen en waard doe lilk. De stimmer skold de stimburofoarsitter út foar NSB'er en it stimbiljet waard lilk ynlevere.
Dan nei doarpshûs De Tille yn Boyl. In ynwenner fan dat doarp sei dat er gjin stimpas krigen hie. "Inwoner geeft ook aan dat het uit de brievenbus gehaald is door derden", stiet yn it proses-ferbaal. De persoan koe dêrtroch net stimme.
Utslachbepalend ynsidint op De Jouwer?
Yn De Fryske Marren wie it ferskil tusken de nûmers ien en twa, de FNP en it CDA, mar twa stimmen. Dat makket in ynsidint yn sporthal De Stuit op De Jouwer ekstra pikant.
In pear dat heech op jierren is, gie dêr te stimmen. Mefrou gie earst it stimhokje yn en menear stie dêrefter mei syn rollator. De man like neffens in meiwurker fan it stimburo betiisd.
"Ik loop op meneer af. Mevr. is ondertussen klaar en pakt stembiljet van rollator, vult voor meneer in en gooit het stembiljet in de bus voordat ik kan aangeven dat dit niet mag", stiet yn it proses-ferbaal.
En sa barde der oeral yn de provinsje wol wat: fan in frou dy't yn Wolvegea stimme woe mei in ferlern waande folmacht oant de doar fan in stimburo yn Snits dy't ek de doar fan in skoalle wie wêrtroch't "kindertjes kunnen weglopen".
Mar ek nei de stimmerij kin it noch misgean, sa bliek by it tellen yn ABD Renault yn Drachten. "Rivella over stembiljetten van lijst 2 en 4", stiet yn it proses-ferbaal.
It hold it CDA (list 2 yn Smellingerlân) net fan de winst ôf. Op dit stimburo wie dy partij mei 102 stimmen de grutste.