Omrop Fryslân

KAART: Sjoch hjir hoe't der op dyn stimburo stimd is foar de gemeenteried

Alle stimburo's fan Fryslân
© Omrop Fryslân
It algemiene byld is dúdlik: lokaal hat wûn by de gemeenteriedsferkiezingen ôfrûne wike. Dochs sitte tusken it stimgedrach yn ien doarp of sels ien wyk somtiden grutte ferskillen.
Sa wint op ien fan de stimburo's op De Lemmer GroenLinks-PvdA, wylst in oare nei Forum voor Democratie giet. Yn Burgum winne op it iene stimburo de FNP en VVD, twa strjitten fierderop CDA en op it gemeentehûs wint Better foar Tytsjerksteradiel.
Besjoch hjir hoe't op dyn stimburo stimd is: (klik hjir as de kaart net goed wurket)
Fierder falt op dat GroenLinks-PvdA op hast alle stimburo's yn de stêd Ljouwert de grutste wurden is, wylst it noarden fan dy gemeente folslein nei de FNP giet.
Lokale partijen falle ek op. Opsterlands Belang dominearret hast alle stimburo's yn Opsterlân, en SAM pronket boppe-oan yn 'e útslaggen fan de measte stimburo's yn Waadhoeke.
Op It Hearrenfean is it in striid tusken GroenLinks-PvdA en Heerenveen Lokaal, mar op it stimburo flak by Thialf wit de VVD de measte stimmen binnen te harkjen.
Yn Ljouwert wiene de measte stimburo's iepen, dat dêr duorre it tellen ek it langst
© Omrop Fryslân, Pelle Numan
Yn De Fryske Marren giet de striid om de grutste partij tusken de FNP en it CDA. Oer de folsleine gemeente sjoen is it ferskil tusken beide partijen mar twa stimmen.
Op basis fan it oantal stimburo's is it ferskil grutter. It CDA krige yn 23 stimburo's yn de gemeente De Fryske Marren de measte stimmen, de FNP op 16 stimburo's.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.