Fan himp oant in sekspop: plysje dûkt yn kofferbakken by ferkearskontrôle A32
Tusken It Hearrenfean en Wolvegea binne tongersdei hûnderten auto's nei de kant helle foar in grutskalige plysjekontrôle. En net om 'e nocht, sa die bliken. Auto's, ferbeane middels, it waard allegear yn beslach naam. In sekspop oerlibbe de check.
Tolve útsette 'strjitten' om auto's op te fangen en mear as hûndert man oan personiel.
Plysje, Belestingtsjinst, RDW, Douane, allegear stiene se klear om wein en bestjoerder oan in yngeande kontrôle te ûnderwerpen. Gjin heal wurk dus, dêr by de A32.
Resultaten fan de kontrôle
De grutte ferkearskontrôle op de A32 tusken It Hearrenfean en Wolvegea hat yn totaal 130 bekeuringen opsmiten.
Dat makket de plysje in dei letter bekend. Der binne hûnderten auto's kontrolearre.
Acht bestjoerders binne oppakt foar it riden ûnder ynfloed. Dêrneist hat de plysje drugs yn beslach naam yn ferskate auto's.
Der wiene ek meardere auto's dy't te hurd rieden. De swierste oertrêding wie it riden fan 195 km/oere op de sneldyk, wylst dêr mar 100 km/oere riden wurde mocht.
Fan himp oant in sekspop: plysje dûkt yn kofferbakken by ferkearskontrôle A32
It smyt in flinke samling fluorisearjende heskes op oan de wjerskanten fan de sneldyk. Auto's wurde mei plysjemotors nei de parkearplakken dirigearre. De iene samar, de oare mei in reden.
Kentekens scannen
"Denk aan afwijkend rijgedrag. Maar meestal is het door de informatie die we binnenkrijgen door de kentekenregistratie", seit Janet Oortwijn, wurdfierder fan de plysje.
"Iemand kan bijvoorbeeld een betalingsachterstand hebben, een gestolen voertuig, of een openstaande celstraf."
Achter har wurdt in wite Volkswagen Golf binnenstbûten keard troch in pear plysjeminsken. Slippers, massaazje-oalje, handoeken, boksers.
Ien fan de plysjes kantelet mei syn wapenstôk in wite doaze. De groep laket. As de doaze omfalt, leit der in sekspop op op it parkearplak. "Trek je zo wel een paar handschoenen aan, Arjan?"
Hij was onder invloed van THC en had ook wiet in zijn auto liggen.
De bestjoerder wurdt yntusken nei plysjeauto laat. "Een belastinghit", klinkt it yn fakjargon, wylst de pop wer yn de achterbak ferdwynt. "Een schuld bij de belastingdienst", ferdúdliket de plysje.
Mar foar't er ynrekkene waard, kontrolearre de plysje him op drank- en drugsgebrûk en -besit. Standert proseduere. "Hij is onder invloed van THC en had ook wiet in zijn auto liggen. Op het bureau wordt z'n bloed getest. Die wijst uit of hij nog andere middelen heeft gebruikt."
Slûchslimme trúks
Elk auto wurdt minusjeus kontrolearre. En dat is net sûnder reden. Guon weibrûkers binne tige ynventyf yn it ferstopjen fan guod en middels, seit plysjeman Arjan, dy't yntusken de moffen wer út hat.
"Het zal je verbazen. Achter de bekleding van de deur, onder de motorkap, speciale vakjes die met een druk op de knop opengaan... ze verzinnen van alles."
Oft der ek minsken op basis fan harren profyl oanhâlden wurde? Hy seit fan net. "Daar zijn we wel eens de mist mee ingegaan. We hielden toen een tiener aan in een dikke bak, omdat dat toch vragen opriep. Bitcoins, zo bleek de verklaring. Op z'n twaalfde ingestapt en nu een vracht met geld."
Yntusken helje de motorplysjes de iene nei de oare auto fan de A32. Nei ferwachting komt it totaal op sa'n trijehûndert hjoed.
Omdat de kontrôle trochgiet oant 23.00 oere is dat allegearre prima te dwaan by de pomp. Ek al omdat de plysjebesetting op it each wat oermjittich liket. It grutste part fan de plysjes rint te grappen mei in kollega, dêr't mar in inkeling oer in auto bûcht.
En hoewol't der gjin passant wêze sil dy't grut ferlet hat fan dit intermezzo, ûndergiet elkenien it gedwee.
Kamil, in Nederlânske Poal, leunt monter tsjin syn grize Toyota. "Iedereen moet z'n werk doen toch? En tja, regels zijn regels. Bovendien heb ik niks te verbergen."
Op de auto sit in read papier mei swarte letters plakt: 'Belastingdienst'. "Oh, dat. Ja, dit is een bedrijfsauto, dus misschien dat er wat openstaat. Maar goed, dat zijn niet mijn zorgen. Zolang ik maar op tijd kom voor badmintontraining."
Op een dag als vandaag incasseren we ongeveer een ton.
Net fier fan it belestingtsjinstbuske steane trije auto's parkearre. Yn beslach naam. Guon bestjoerders blieken tsientûzenen euro's oan betellingsefterstân te hawwen. Sy meie plaknimme by de oanwêzige doarwarder.
"We kunnen dan kijken naar de waarde van iemands auto. Als die in de buurt zit van het te betalen bedrag, nemen we die in beslag", seit de wurdfierder, dy't ek yn funksje net by namme neamd wurde wol.
Mei in peaske-aai yn 'e mûle: "Voor de mensen die alles meteen kunnen betalen, hebben we een mobiel pinapparaat mee. Op een dag als vandaag incasseren we ongeveer een ton."
Trouble in paradise
In frou fan middelbere âldens yn in swarte Citroën hat ek betelje moatten. Se rint foeterjend by de plysjeweinen lâns.
In plysjefrou: "Ze reed in de auto van haar man. Ze kreeg net bij de Belastingdienst te horen dat hij een flinke betaalachterstand heeft. Tja, bij een verkeerscontrole wordt de boel soms aardig op scherp gezet."