Omrop Fryslân

Keunstwurken út de anonimiteit mei QR-koaden: "Ik fyn dat elke keunstner dat fertsjinnet"

Tiny Boonstra by 'Kinderen bouwen voort'
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Fan in soad keunstwurken yn 'e iepenbiere romte witst net wa't it makke hat of wat it eins foarstelt. Mar by de bylden fan Maria van Everdingen yn Fryslân is dêr wat op betocht: QR-koaden. Scan de koade en fuortdaliks ûntdekst it ferhaal achter har wurk.
Op 30 juny ferline jier - de fjirtichste stjerdei fan de ferneamde byldhouster - is de earste QR-koade pleatst. En no hawwe alle trettjin bylden yn Fryslân der ien.

Toansettend

It inisjatyf komt fan Tiny Boonstra, dy't fan har 15e ôf sneons by Maria yn 'e húshâlding wurke en har altyd as in bysûndere frou sjen bleau.
"Sy wie toansettend," seit Tiny. En dat waard oan alle kanten erkend: Van Everdingen krige ûnder mear de opdracht foar it byld fan oarlochspremier Gerbrandy yn Snits.
QR-koade by 'Springlevend uit druppel', ek wol 'Trienke mei it tou'
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Freed wie in offisjeel momint yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. Dêr wie de presintaasje fan de folder mei in bylde-oersjoch en trije mooglike fytstochten by de bylden del.

'Veenarbeidersgezin'

Famylje fan Van Everdingen wie der ek by. Se krigen noch in film te sjen dêr't Van Everdingen sels kommentaar jout by it meitsjen fan it stiennen byld 'Veenarbeidersgezin' yn Haulerwyk.
It filmmateriaal is no ek by it Fries Film en Audio Archief te finen.
Tiny Boonstra oerlanget de earste folder oan Esther Postma, direkteur Fries Scheepvaart Museum
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Boonstra wol mei it QR-projekt de byldhouster út it ferjit helje. Van Everdingen stie oan de goede kant fan de minskheid, fynt Boonstra. "Se wie hiel belutsen en sosjaal. In grut foarbyld."
Sobere libbensstyl, miljeubewust, leauwich én belutsen, ek yn it ferset yn de oarloch. Troch de koaden kinne minsken no maklik har libbensferhaal ûntdekke.

Maria van Everdingen (1913-1985)

Maria van Everdingen, dochter fan KNMI-haaddirekteur prof. dr. Ewoud van Everdingen, groeit op yn in stimulearjende, yntellektuele omjouwing.
Nei de Ryksakademy yn Amsterdam ûntdekt se har passy foar it byldhouwen. Har ferbliuw yn Wenen einiget abrupt troch de Dútske ynfal yn 1938.
Yn de oarloch slút se har oan by it keunstnersferset fan Gerrit Jan van der Veen en se belânet úteinlik yn kamp Vught.
Nei 1945 bout se har ûntwikkeling wer op, studearret se yn Sweden en letter wer yn Wenen. Fan de jierren '50 ôf fynt se har eigen ritme as byldhouster.
Yn 1958 komt se werom nei Nederlân, en fan 1965 ôf wurket se yn Fryslân. Har figurative wurk yn stien en brûns makket har in respektearre keunstneres, aktyf yn ferskate keunstnersferienings.
De oanwêzige famylje is tige wiis en ek wol ferrast mei it omtinken. "Ik vind het enig", seit muoikesizzer fan Van Everdingen, Jolie Wiebols.
"En we zijn ontzettend blij met haar", seit se oer Boonstra. "Ik vind het heel erg bijzonder dat ze dit gedaan heeft vanuit de band die ze had met Maria."
Maria van Everdingen oan it wurk
© Omrop Fryslân
Achter de QR-koaden sitte de ferhalen fan de keunstwurken. By it finen en produsearjen fan de ynformaasje krige Boonstra help fan de famylje, wêrnei't se argiven yngie en sa fan alles te witten kaam.
En fan de organisaasje Keunstwurk dy't in database fan keunst yn de publike romte hat, krige se ek folop stipe.

Elke keunstner in ynformaasjebuordsje

Dochs foel it net ta om fan alle gemeenten en behearders tastimming te krijen foar it pleatsen fan de QR-koaden. Se hat der in jier mei dwaande west.
No hopet se op neifolging. "Ik hoopje dat Keunstwurk of de gemeenten of oare organisaasjes myn inisjatyf oppakke. Ik fyn dat elke keunstner yn de publike romte in ynformaasjebuordsje fertsjinnet."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.