Omrop Fryslân

Studinten bûge har oer lokale problematyk: "Kloof tussen de politiek en Jappie uit het dorp"

De studinten binne drok mei-inoar yn petear
© Omrop Fryslân
Unfeilichheid, drugsoerlêst en fatbike-terreur. It binne samar in pear fan de problemen dy't mbû-studinten op tafel smite by de Tienskipdei yn De Harmonie yn Ljouwert. Dêr wurkje se yn teams gear om dêrfoar oplossingen te betinken.
Yn stee fan besikers fan in foarstelling sit de foyer fan it teäter dizze kear grôtfol mei twahûndert studinten. Drok binne se mei-inoar yn petear oer hoe't se har keazen probleem oplosse kinne.
Yn teams presintearje se dy oplossing letter op 'e dei oan elkoar en oan kandidaat-riedsleden.

Kleau

Stichting Tienskip sit achter it inisjatyf. "Uit recent onderzoek van Unicef blijkt dat zestig procent van de jongeren zich niet gehoord voelt door de gemeente", fertelt Kristan IJkema fan Tienskip.
De temadagen wurde organisearre mei it doel om de kleau tusken jongerein en de lokale polityk lytser te meitsjen.
Studinten bûge har oer lokale problematyk
In slach by de ferskate teams fan studinten del makket dúdlik dat dy kleau ek echt grut is.
"De politiek moet meer in gesprek gaan met de jeugd, ik denk dat er een beetje een kloof zit tussen de politiek en Jappie uit het dorp", fertelt ien fan harren.
In oar jout oan dat der hielendal gjin omtinken is foar de tema's fan jongeren yn syn wyk. Hy is wiis mei de Tienskipdei. "Hier wordt je wél gehoord."

Gjin fatbikes mear

De problemen dy't de jongerein oankaarte binne hiel ferskaat. Sa pleitet in groep foar mear ferljochting op strjitte fanwegen ûnfeiligens, de grôtfolle bussen wurde oanstipt en der wurdt oppere om fatbikes te ferbieden yn stêden.
In oar team wol graach de drugsoerlêst oanpakke troch in meldline te iepenjen.
Kristan IJkema fan Stichting Tienskip
© Omrop Fryslân
Grutsk rint IJkema tusken alle harsenskrabjende jeugd troch. Hy jout oan dat dizze dagen ek echt praktyske saken opsmite.
Studinten kinne oan de ein fan de dei oanjaan oft se troch wolle mei it ûnder de oandacht bringen fan harren idee, en dat bart geregeld. As foarbyld neamt hy de sportkaart foar mbû-studinten.
"Een aantal studenten kwam er op zo'n Tienskipdag achter dat er wel een kortingskaart was voor wo'ers en hbo'ers om goedkoper te sporten, maar niet voor het mbo. Uiteindelijk hebben zij ervoor gezorgd dat nu ook alle mbo-studenten in de gemeente Leeuwarden korting krijgen om te sporten."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.