Liveblog
|
14 maart
Lês werom: sc Hearrenfean ferslacht Telstar mei 3-0 en docht goede saken foar play-offs
sc Hearrenfean hat Telstar mei 3-0 yn eigen hûs ferslein en pakt trije punten. Dy punten soargje derfoar dat se hieltyd tichter by de Europeeske play-offs komme.
Lês hjir it blog oer de wedstriid werom.
Lêst bywurke: 14 maart, 22:00
22:00
Foar it earst yn trije moanne gjin tsjingoals
Hearrenfean fersloech Heracles mei 0-3 yn desimber, dat wie de lêste kear dat de Friezen gjin tsjingoals krigen. Dat keunstke werhellen se jûn tsjin Telstar.
Foarôfgeand oan de wedstriid waarden de Fryske medaljewinners fan de Olympyske Winterspelen huldige, dy't úteinlik genietsje koene fan in enervearjende wedstriid.
Beide ploegen begûnen fûl oan de wedstriid. Nei goed tweintich minuten wie it Lasse Nordås dy't nei in foarset fan Maxence Rivera de 1-0 makke.
Dy stân bleau stean yn de earste helte. Mar nei tsien minuten spyljen yn de twadde helte wie it alwer raak.
Nordås waard by in oanfal ûnderút helle troch Guus Offerhaus. Dat smiet de Friezen in frije traap op, dêr't Rivera wol ried mei wist. Hy skeat de bal hurd binnen en soarge foar de 2-0.
Efkes letter like Telstar in puntsje by skriuwe te kinnen, mar de bal hat dochs krekt net de line oer west neffens de skiedsrjochter.
Yn de 71e minút foel de tredde treffer foar Hearrenfean. Jacob Trenskow knalde de bal binnen nei in effektive oanfalsaksje.
Yn de 83e minút skoarde Danny Bakker noch foar Telstar, mar úteinlik gie der in streek troch syn goal.
Yn de slotfaze liet Bernt Klaverboer noch in pear goede rêdingen sjen en dêrmei wist hy de nul te hâlden dizze wedstriid.
sc Hearrenfean pakt trije punten en komt hieltyd tichter by de Europeeske play-offs, it grutte doel fan de Friezen dit seizoen.
21:56
90+4' Ein fan de wedstriid!
sc Hearrenfean wint mei 3-0 fan Telstar en leit op koers foar de Europeeske play-offs!
21:55
90+3' Wer in rêding fan Klaverboer!
Klaverboer wit in lêste skot fan Telstar ek tsjin te hâlden mei in knappe rêding!
Giel foar Braude
Oliver Braude krige earder noch in giele kaart foar in oertrêding.
21:52
90+2' Skot fan Brouwers
Brouwers besiket noch te skoaren, mar keeper Koeman pakt de bal.
21:51
90' De lêste minuten
Der komme fjouwer minuten ekstra tiid by de twadde helte.
21:49
88' Wiksel by Hearrenfean
Ahmed foar Linday
Isaiah Ahmed komt yn it fjild foar Marcus Linday.