Henk de Jong kin libje mei lykspul tsjin Roda JC: "Dreechste ploech fan it jier"
Foar de twadde kear dit seizoen holden Cambuur en Roda JC inoar op in 1-1 lykspul. Wylst by Jort van der Sande de teloarstelling oerhearsket, kin trainer Henk de Jong wol libje mei it resultaat.
Cambuur wist him yn de earste helte gjin ried mei it kompakte spul fan Roda. "Het was een identieke wedstrijd aan die we in Kerkrade speelden, toen stonden ze ook zo compact en werden ze vanuit de counter gevaarlijk", seit Van der Sande.
It soarge derfoar dat Van der Sande net in soad yn it spul foarkaam. "Heel lastig, ik had weinig opties en de aannames moeten dan perfect zijn om iets voor elkaar te krijgen. Vanuit mij kon er weinig door gevoetbald worden."
Jort van der Sande oer de drege wedstriid tsjin Roda JC
Wylst Roda JC it bêste spul hie, bleau it de earste helte yn lykwicht. Fuortendaliks nei it begjin fan de twadde helte makke âld-Cambuurspiler Michael Breij de 0-1 foar de Limboargers.
"In blooperke", sa seit De Jong. "Der wienen fazes yn dizze wedstriid dat wy samar de bal ynleveren en dit wie ek sa'n momint."
Van der Sande krige de lange bal foaryn, mar rekke dy kwyt en Breij wie samar fuort. "Een ongelukkige stuit en voor je het weet lopen zij zo op de goal af."
De skea waard lykwols gau hersteld, mei tank oan Roda JC-ferdigener Reda El Maliani. Dy makke in ûnnedige oertrêding op Oscar Sjöstrand en skiedsrjochter Edwin van de Graaf wiisde resolút nei de stip.
"Wij weten dat Oscar zo snel is, voor hem was het blijkbaar een verrassing", seit Van der Sande.
Feroaring
Nei de lykmakker fan Ferrah spile Cambuur in stik better en kaam der mear romte foar it oanfallende spul. Dat slagge yn de earste helte net, seit De Jong.
"Do komst der net by, der binne dan fjouwer as fiif dingen dy't omsetten wurde moatte. Wy besykje it wol, mar it is sa'n lawaai yn it stadion. Dat krijst takom jier yn de earedivyzje ek. Wy joegen net hiel folle fuort, mar sy wienen wol gefaarlik."
Neffens de Drachtster is Roda JC de dreechste tsjinstanner fan it seizoen west. "Wy ha no trije kear tsjin se spile, it wie alle kearen sa muoilik. Eins noch dreger as tsjin ADO."
Reaksje Henk de Jong nei Cambuur - Roda JC
Dochs slagge Roda der net yn dat spul ek yn de twadde helte te spyljen. "Dan witst dat wy krekt as ferline wike kânsen krije. Je moatte net yn de war reitsje as it yn de earste helte net slagget, in wedstriid duorret 95 minuten. Ast wat feroarerst komt it der wol út."
"Dat wy in pear kear sleau wienen oan de bal, is spitich."
De Cambuurtrainer fynt it lykspul terjochte, hoewol't Cambuur op basis fan de twadde helte ek winne koe. "Als je naar de tweede helft kijkt, zijn wij de ploeg die gespeeld heeft om te winnen", seit Van der Sande dêroer.
"In ons wisselbeleid kon je ook zien dat we voor de drie punten wilden gaan. Op basis vna de eerste helft was Roda de sterkere ploeg, in de tweede helft staken wij de meeste moeite in het proberen te winnen van de wedstrijd."
Net dwaande mei senario's
Moandei giet Cambuur nei Helmond Sport, freed komt Jong AZ op besite yn it Kooi Stadion. Oft promoasje dan al mooglik is, hinget ôf fan de wedstriid dy't De Graafschap sneon tsjin FC Dordrecht spilet.
"Ik sjoch it wedstriid foar wedstriid", seit De Jong. "Do sjochst no hoe lestich it is om wedstriden te winnen. Mar wy bliuwe rêstich en sille moandei wer nei Helmond ta, freed ha wy dan hjir wer in prachtige wedstriid. Dan sjogge wy it wol."
Van der Sande hopet dat de kers op 'e taart noch komt, it kampioenskip. "Ik weet niet precies hoe de vork in de steel zit, maar het liefst hebben we thuis het promotiefeestje. Wedstrijd voor wedstrijd winnen, dan zal er iets moois ontstaan."