Omrop Fryslân

Grutte belangstelling foar it ûntwerpen spesjale betinkingsmunt Planetarium

Dit binne tsien eurosinten, mar letter dit jier rôlje de Planetarium betinkingsmunten út de kokers fan it fabryk fan Royal Dutch Mint
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Der is grutte animo foar it ûntwerpen fan de spesjale betinkingsmunt mei it Planetarium derop. Mar leafst 68 keunstners hawwe harren oanmeld.
It tal oanmeldings hat yn jierren net sa heech west, sa lit it ministearje fan Finânsjes witte.
Twa kear yn it jier jout it ministearje opdracht foar in betinkingsmunt en dit jier hat it Planetarium de eare.
Der binne no acht keunstners selektearre dy't mei in ûntwerp komme meie.
Startskot foar harren wie in yntroduksje yn it eurofabryk yn Houten: by Royal Dutch Mint. Hjir wurde ús euro's slein, mar ek oare munten foar mar leafst 70 ferskate lannen. En dus ek de betinkingsmunten.
Keunstners krije in rûnlieding yn it muntfabryk
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
"Ik had heel erg zin in deze dag! Om al die nerdy details te horen over hoe je nou die munt maakt", fertelt ien fan de acht keunstners, Bert Scholten.
"Het is zo klein en het komt zo precies. Hoe kunnen lijnen zijn, hoe werkt het met de hoogtes en de dieptes."
"Ik ben heel wat wijzer geworden over wat wel en niet kan."
Bert Scholten, ien fan de acht selektearre keunstners
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Scholten wennet yn Amsterdam, mar komt út Assen en rjochtet him noch faak op it noarden mei syn wurk.
Sa hie hy yn 2023 in tentoanstelling oer koekplanken yn it Fries Museum.

Betinkingsmunten

Elts jier wurde der troch it ministearje fan Finânsjes twa spesjale betinkingsmunten útjûn.
Dit jier is dat dus dy fan it Planetarium. De oare ferbyldet it jubileum fan 25 jier homohoulik. Oare betinkingsmunten giene bygelyks oer 750 jier Amsterdam, 100 jier TT Assen, Ljouwert kulturele haadstêd en de Nederlânske wetterlinys.
It binne wettige betelmiddels, mar se wurde faak oanskaft troch samlers. Se wurde yn ferskate kwaliteiten makke. De heechste is de sulveren 5 euro en de gouden 10 euro.
"Herdenkingsmunten worden uitgegeven om belangrijke dingen verbonden aan de Nederlandse cultuur onder een breed publiek bekend te maken", sa fertelt Bert van Ravenswaaij. Hy is direkteur fan Royal Dutch Mint.
Hy leit út dat der twa doelgroepen binne foar de betinkingsmunten.
"Dat zijn de muntenverzamelaars die iets willen kopen wat een beperkte oplage heeft. Misschien verbaast het, maar het zijn ook vaak jonge mensen."
"Maar de munt gaat ook ergens over. De munt over het 750-jarig jubileum van Amsterdam was heel snel uitverkocht, omdat veel Amsterdammers hem wilden hebben."
Adrie Warmenhoven, direkteur Planetarium, wie ek yn it muntfabryk
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Direkteur fan it Planetarium Adrie Warmenhoven reizge ek ôf nei Houten om de keunstners oer it Planetarium te fertellen.
Al drukte hy se op it hert om foaral ynkoarten ek del te kommen.
Keunstner Bert Scholten is seker fan doel om dat te dwaan.

Praktyske en akademyske byinoar

"Wat mij erg intrigeert aan Eise Eisinga is hoe hij daar geleefd moet hebben."
"En zijn historie als wolkammer ernaast. Eigenlijk komt dat hele academische en praktische bij elkaar."

Planning

De acht keunstners sille no oan de slach mei harren ûntwerp. Yn july wurdt ien ûntwerp keazen dat op de munt komt.
It ministearje fan Finânsjes en de kening moatte it dêrnei noch goedkarre.
Op 29 oktober sil de earste slach wêze yn Frjentsjer en witte we hoe't de betinkingsmunt derút sjocht.
It Planetarium hat neat te sizzen oer hokker ûntwerp it wurdt, want dat bart troch in ûnôfhinklike kommisje.
Adrie Warmenhoven fynt dat wol wat spannend.
"Maar het Planetarium heeft wel een helder beeld. Vorig jaar is er een munt uitgebracht over de Nederlandse waterlinies, ja hoe moet je dat pakken?", seit de direkteur fan it Planetarium.
Hy ferwachtet dat it ûntwerp foar it Planetarium wol makliker wêze sil.
"Je hebt de ronde planeten en de banen van de planeten. Ik denk dat je daar wel wat mee kunt op de munt. Voor de rest is het afwachten. Ik ben heel benieuwd!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.