LDODK te sterk foar Blauw-Wit
De kuorballers fan LDODK hawwe sûnder al te folle problemen hikkesluter Blauw-Wit ferslein. Yn Amsterdam waard it 18-32.
By it skoft wie it ferskil tusken beide ploegen al seis punten (9-15) en dêrnei waard it ferskil allinnich mar grutter.
Mei acht goals wie Ran Faber dizze wedstriid de topskoarer oan de side fan LDODK.