Hoe bestriidt Sam Kersten by sc Hearrenfean de bêste kopper fan de earedivyzje?
Ferdigener Sam Kersten en syn kompanjon Maas Willemsen steane sneon foar in útdaging by sc Hearrenfean.
It sintrale duo sil besykje om de bêste kopper fan de earedivyzje ûnskealik te meitsjen; Sparta-spits Tobias Lauritsen.
Lauritsen wûn dit seizoen mear as 60 prosint fan syn loftduels.
Ta fergelyk: Hearrenfean-spits Dylan Vente sit ûnder de 30 prosint.
Kersten en Willemsen hawwe ekstra omtinken bestege oan hoe't se it gefaar fan Lauritsen bestride kinne.
"Dat geeft je wel meer aandacht in het verdedigen. We hebben beelden van hem bekeken, maar dat doe je bij elke spits.'
Sam Kersten oer it gefaar fan Lauritsen
Hearrenfean hat op it stuit 31 punten. Sparta hat seis punten mear.
Foar Hearrenfean is it dus fan grut belang om trije punten te pakken, om derfoar te soargjen dat de Rotterdammers net fierder útrinne.
"Het is wel heel belangrijk, omdat het een wedstrijd is tegen een directe concurrent voor de play-offs. We kunnen een mooie stap zetten", seit Kersten.
Flugger ast tinkst
Hearrenfean besiket 'heech' te stean op it fjild en besiket druk te setten op de tsjinstanner.
It hat as gefolch dat Kersten somtiden djip it middenfjild ynstappe moat. Yn de rêch ûntsteane dan grutte romten.
"Dat is hoe we willen spelen. We willen daarin risico nemen", stelt de ferdigener.
"Dat levert doelpunten en leuke wedstrijden op. We willen attractief spelen, de mensen vermaken."
"Tegen Zwolle winnen we met 4-2. Dat is leuker dan 1-0", giet Kersten fierder. "En ja, we zijn dan kwetsbaar in de omschakeling, maar we maken ook veel goals."
Boppedat kin Kersten mei syn faasje faak noch wol wat goedmeitsje.
It liket miskien wat houterich by de ferdigener, mar Kersten is ien fan de fluchste spilers fan de seleksje.
"De precieze data heb ik niet, maar vooral op de lange afstand kan ik best wel terugsprinten", laket Kersten.
De takomst
Kersten is no dwaande oan syn twadde seizoen by Hearrenfean. De ferdigener hat in kontrakt oant 2027 mei in opsje foar noch in jier.
"Ik heb wel de ambitie om naar het buitenland te gaan, maar dat hangt af van wat de club wil. Ik houd me daar op dit moment niet mee bezig", seit er.
"Na het seizoen zijn dat dingen waar je naar kunt kijken, maar op dit moment ben ik bij Heerenveen. De ambitie is er (om in stap te meitsjen, red.), maar wanneer weet ik niet. Het enige wat ik kan doen, is zelf presteren."
Live by Omrop Fryslân
De wedstriid sc Hearrenfean - Sparta Rotterdam is sneon live te folgjen by Omrop Fryslân
Op de radio komme yn it programma Sneon yn Fryslân geregeld flitsen foarby. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.
Dêrneist hoege jo ek online neat te missen fan wat der bart by Hearrenfean - Sparta, want op ús webside en yn de Omropapp is der in livebloch.