Bestjoer PvdA Noardeast-Fryslân stapt op, sprekt fan grinsoergeand gedrach
It bestjoer fan de PvdA yn Noardeast-Fryslân is inkelde wiken foar de gemeenteriedsferkiezingen opstapt. Neffens harren wie der sprake fan grinsoergeand gedrach.
Dêr't it bestjoer in ûnhâldbere situaasje sketst, sjocht de fraksje it kollektive fuortgean as in aksje dy't de partij doelbewust skea tabringt.
It folsleine ôfdielingsbestjoer makke syn fuortgean bekend yn in brief oan de leden. Dêryn skriuwt it bestjoer dat it him "geconfronteerd zag met herhaaldelijk grensoverschrijdend gedrag, zwaarwegende integriteitsschendingen, pogingen tot fraude en ondermijning tussen gremia".
Neffens it bestjoer wie de situaasje sa eskalearre dat it syn rol net langer útoefenje koe. Earder besykjen ta bemiddeling troch de regionale lieding fan de partij en it lanlik partijburo (it gewest) soene gjin oplossing brocht hawwe.
Gjin foarbylden
Konkrete foarbylden fan de beskuldigingen wurde yn de brief net neamd. Ald-foarsitter Wijnand Abma wol dy ek net spesifisearje. "Het is niet passend om meer aan de media te vertellen dan aan de leden. De relevante partijen weten waar het over gaat", seit hy.
Abma seit mei klam dat it bestjoer achter de keazen wurden stean bliuwt. "De timing is ongelukkig, maar de situatie was onhoudbaar. Electorale overwegingen mogen geen rol spelen bij zulke zwaarwegende kwesties."
Gewest sprekt fraude tsjin
It gewest sprekt mooglike fraude yn elts gefal tsjin. Gewestfoarsitter Roelof Veldhuis seit dat sinjalen oer mooglik frauduleus hanneljen mei it lanlik buro ûndersocht binne. "Der is sjoen nei finansjele transaksjes en harren rjochtmjittichheid. Der binne gjin sinjalen fûn dy't wize soene op frauduleus hanneljen."
Wol rint der noch in lanlik trajekt nei in melding oangeande yntegriteit en grinsoersgeand gedrach. Oer de ynhâld dêrfan wol ek Veldhuis neat sizze: "Dat ha ik anonimisearre krigen."
Neffens him leit de kearn fan it konflikt benammen yn de rolferdieling tusken bestjoer en fraksje. "In bestjoer giet net oer de politike aginda. Dêr hawwe petearen oer west. It hawwe botsende ferantwurdlikheden en karakters west."
It bestjoer hat gewoan harren taken net goed útfierd.
Fraksjefoarsitter Gryte Schaafstal is bot skrokken fan de útspraken fan it bestjoer en fielt har rekke troch de toan fan de brief, ek al wie dy net oan har of oare fraksjeleden persoanlik rjochte.
"Ik werken my totaal net yn dizze beskuldigings", seit Schaafstaal. "Ik wurkje al fjirtjin jier foar de lokale polityk en dizze partij. Dat dit no sa delset wurdt, rekket my persoanlik hiel bot en profesjoneel ek."
Neffens Schaafstal draaiden de spanningen de lêste tiid benammen om de organisaasje fan de ferkiezingen. "De kandidatelist en it ferkiezingsprogramma moasten de lêste pear dagen troch de fraksje en leden sels noch regele wurde. It bestjoer hat gewoan harren taken net goed útfierd", fynt sy.
De timing fan it ôfgean neamt sy "bysûnder skealik" foar de partij. It opstapte bestjoer herkent har net yn dizze krityk en stelt dit mei feiten ûnderbouwe te kinnen mei dokumintaasje en notulen, neffens Abma tiisdeitemoarn.
Gewest nimt tydlik bestjoer oer
Yntusken hat it gewest de bestjoerstaken yn Noardeast-Fryslân oernaam. "Wy binne no op syk nei twa ferkenners mei statuer", fertelt Veldhuis.
Meardere opstapte bestjoersleden bliuwe ferkiesber, omdat de kandidatelist al fêststeld is. Op fragen oft dat net wringt, folget foarearst gjin dúdlik antwurd. "Ik wol dat de bestjoersleden skorst wurde by de partij, want sy hawwe it partijbelang net foarop hâlden", seit Schaafstaal wol.