In tritiger as premier, dat witte Friezen wol te wurdearjen: "Hartstikke moai!"
"It is hartstikke moai dat in tritiger no premier fan Nederlân is!" Dat seit Haije Wierda fan Generaasje Fryslân 2035. Hy is wiis mei de 38-jierrige Rob Jetten fan D66 as nije minister-presidint fan Nederlân en ferwachtet der ek wol wat fan.
"Dit kabinet hat ambysjes op it mêd fan klimaat, stikstof en wennningbou", seit Wierda. "As harren plannen slagje, dan biedt dat wer perspektyf nei de stilstân fan de ôfrûne jierren."
Generaasje Fryslân 2035 is in organisaasje fan jonge professionals. De tweintigers en tritigers binne dwaande mei plannen foar de takomst fan Fryslân. Dêrby wurdt sjoen nei tema's as bioferskaat, enerzjy, soarch en wentebou. It is dêrby neffens Wierda fan belang dat der in kabinet sit dat de grutte problemen fan dizze tiid net langer sloere lit.
Ik hoopje dat se knopen trochhakke en wat langer sitten bliuwe.
"Se krije it net maklik, want as minderheidskabinet moatte se oer alles ûnderhannelje. Mar ik hoopje wol dat se knopen trochhakke en ek wat langer sitten bliuwe. In bytsje stabiliteit is goed foar dit lân."
Gjin Fryske eed of belofte
Kabinet Jetten waard moandeitemoarn yn paleis Huis ten Bosch beëdige troch kening Willem-Alexander. Fan de mooglikheid om dat yn it Frysk te dwaan waard dizze kear gjin gebrûk makke, want kabinet Jetten hat gjin Frysktalige leden. Wol sitte yn it kabinet twa leden mei - foar in part - Fryske woartels.
Minister Pieter Heerma (CDA) fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes is fan Fryske komôf en minister Sophie Hermans (VVD) fan folkssûnens groeide op yn Beetstersweach doe't har heit Kommissaris fan de Kening fan Fryslân wie.
Yn it foarige kabinet leine minister fan Lânbou Femke Wiersma en steatssiktaris Aukje de Vries fan Bûtenlânske Hannel de belofte ôf yn it Frysk.
Noch in tritiger
Rob Jetten is mei syn 38 jier - oer in pear wike wurdt er 39 - de jonge minister-presidint yn de Nederlânske skiednis. Yn syn kabinet is hy net de iennichste tritiger. Jaimi van Essen, de nije minister fan Lânbou, is 35.
Syn foargonger Femke Wiersma (BBB) is by de oerdracht fan har funksje oan de D66'er diplomatyk. "Maak er wat van", seit se tsjin har opfolger.
Yn it foar sizze dat se net folle betrouwen hat yn de nije man heart net, fynt Wiersma. "Ik sil him kritysk folgje, mar eltsenien fertsjinnet in kâns."
De Agraryske Jongeren Fryslân fine in D66-minister fan lânbou wol spannend. "Ik wachtsje it ôf, mar ik bin net fergetten wat D66 earder oer de boeren seit hat", seit foarsitter Yke Bijlstra fan de AJF.
Bouboerinne Gerbrich Jensma út Hallum fynt dat de polityk mei belied komme moat dat op it boerehiem praktysk útfierber is. "Ik hoopje dat se wat leard hawwe fan foarige perioades, mar dat moat ik noch sjen."
Feehâlder Maurits Rijpkema hopet dat it de polityk en sektor slagje mei om wat better gear te wurkjen. "As de polityk wat fan ús freget, lykas in heger wetterpeil, dan meie wy ek wat weromfreegje."