Tweintich doelpunten sitte der net mear yn foar Nicolas Binder: "Wie wat ûngelokkich"
Mei hege ferwachtings kaam Nicolas Binder ôfrûne simmer binnen by SC Cambuur. Syn trainer Henk de Jong spruts krekt nei syn komst út dat Binder wol tweintich doelpunten meitsje soe. Mar no, ein febrewaris, stiet de Eastenriker noch hieltyd op nul.
"Ik ha net in soad spile en wie ek wat ûngelokkich yn de ôfwurking", fertelt Binder. Nettsjinsteande de mindere prestaasjes op it fjild fielt de spits him op syn gemak yn Ljouwert.
Nicolas Binder wachtet noch op syn earste goal
"Ik fiel my hiel goed, bin fit, klear om te spyljen", seit Binder.
Dat hat wolris oars west. De Eastenriker begûn it seizoen noch mei basisplakken tsjin FC Dordrecht en TOP Oss, mar dêrnei krige Binder lêst fan it boppeskonk en siet er fjouwer wedstriden net by de seleksje.
Ynfalbeurten
Cambuur begûn goed te draaien en Binder kaam net werom yn de basis. De spits moast it hieltyd dwaan mei koarte ynfalbeurten.
"Fansels bin ik net bliid mei myn spyltiid", seit Binder, "mar ik doch gewoan myn bêst as ik deryn kom. Ik jou alles op de training, dat is alles wat ik op it stuit dwaan kin."
"It giet aardich goed mei it team hoe't it no stiet. Us spitsen dogge it goed: Tony (Rölke, red.) docht it goed. Dat is de wichtichste reden dat ik net spylje", wit Binder.
Binder is dan ek de earste om ta te jaan dat tweintich doelpunten der foar him net mear yn sitte. "We hawwe noch 14 wedstriden te gean. Ik tink net dat ik dat helje sil. Ik doch myn bêst en hooplik slagget it de lêste wedstriden om te skoaren."
Oan in nij doel baarnt Binder, dy't ôfrûne freed tsjin RKC wol wichtich wie mei in assist, him net. "Ik doch gewoan myn bêst."
Binder tekene fan it simmer in kontrakt foar twa seizoenen by Cambuur. No't it earste seizoen teloarstellend ferrûn is, is de fraach hoe't it fierder moat.
"Op dit momint is Cambuur de perfekte klup foar my", seit Binder. "Yn de simmer sille we sjen wat dan barre sil, mar no bin ik hjir en wol ik al myn enerzjy hjir jaan en sa goed spylje as ik kin."