Omrop Fryslân

Bier en film yn streektaal op Memmetaaldei: "Se komme niet alleen foor 't bier"

Cambuurspits Jort van der Sande mei it nije Liwwadder bier
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Minderheidstalen hawwe de wyn yn 'e seilen. Dat wie dúdlik te fernimmen by de Memmetaaldei yn filmhûs Slieker yn Ljouwert. De seal siet fol en de sfear wie entûsjast.
"Ik bin och soa wiis dat 't hier stiiffol is fandaag", seit Gerard de Jong fan de organisaasje yn it Biltsk. De opkomst ferrast him net hielendal, mar docht him wol goed. Neffens him nimt de belangstelling foar streektalen en minderheidstalen ta.
It publyk kaam net allinnich foar de taal. Der wiene twa primeurs: de presintaasje fan trije nije Ljouwerter bierkes en in útferkochte foarpremjêre fan de film Amrum. Dy film spilet him ôf op it Dútske eilân Amrum, dêr't it Noardfryske Oomrang praat wurdt.
"Se komme niet alleen foor 't bier"
Organisaasje Memmetaaldei
Alle jierren organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen, kennissintrum Mercator, Noordelijk Film Festival en Slieker Film op 21 febrewaris eveneminten yn it ramt fan de UNESCO Dei fan de Memmetaal. Oandacht foar de rykdom fan taal en meartalichheid is it doel.
De organisaasje is bliid mei de opkomst dit jier. "Se komme niet alleen foor 't bier. Kon niet beter", mient De Jong.
In film draaie se alle jierren. De kombinaasje mei de presintaasje fan trije nije Ljouwerter bierkes mei de nammen Kletser, Deunskiter en Sompe liket in goede set.
Byld fan de film Amrum
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It is dreech te mjitten wat sa'n jierlikse Memmetaaldei no opsmyt.
"Je kinne wel mete hoefeul mînsen d'r op ôf komme", seit De Jong. "Wij mosten dut jaar met 'n wachtlist werke. Streektalen, ok 't Frys, minderhydstalen, dat leeft gewoan enorm. Dat is wel 's âns weest."
"En se komme niet alleen foor 't bier."
Trije nije Liwwadder speciaalbierkes, ynspirearre op it boek 'Ik rúk al aardech naar de schep' fan Ezra Efdé.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Neffens De Jong groeit yn in globalisearre wrâld it ferlet oan eigen taal en identiteit. "D'r is ok sekere emânsipasy. Je sien 't in de filmprogramma's: meer films in klainere talen. Die wyn sit echt in de sailen."
Tagelyk warskôget er foar tefolle selsfoldienens.
Gerard de Jong by de presintaasje
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Op de Memmetaaldei is ek in webside lansearre dêr't minsken Ljouwerter sprekwurden ynstjoere kinne. Sa moat in brede samling fan taaluteringen yn it Liwwadders ûntstean.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.