Omrop Fryslân

Melanie During (36) ynspirearret in nije generaasje mei in útstoarne wrâld

Paleontolooch Melanie During (36) hielendal yn tema mei in Jurassic Park-shirt
© Ilva Stoelwinder
Melanie During fan Ljouwert wint de 'Vrouw in de Media Award' foar Fryslân. Sy makket wittenskip tagonklik foar in breed publyk en is in foarbyld foar jonge froulju.
Mei de measte publyksstimmen yn Fryslân makket se no kâns op de lanlike titel dy't yn maart útrikt wurdt.
During fynt de titel in grutte eare. Mar de motivaasje fan de minsken dy't op har stimd hawwe, fynt se noch prachtiger.
"Ze zien in dat ik het belangrijk vind dat vrouwelijk werk gewaardeerd wordt en niet alleen kom om de leukste dino's te laten zien. Dat stel ik misschien wel het meest op prijs. Het voelt als een erkenning."
During is paleontolooch. As sy útlizze moat wat se eins foar wurk docht, seit se: "Ik onderzoek uitgestorven diersoorten met een ruggengraat."
"Eigenlijk alle beesten die van vissen afstammen, pootjes kregen en het land op zijn gegaan, zijn beesten die ik graag onderzoek. Van dino's tot mammoeten."

It útstjerren fan soarten

Spesifyk hâldt During har dwaande mei it útstjerren en oerlibjen fan soarten.
"Het leven op aarde heeft vijf massa-uitstervingen gekend. 99 procent van alles wat ooit heeft geleefd, is uitgestorven", fertelt se.
"Maar wij zijn hier. Onze voorouders hebben zich door vijf massa-uitstervingen heengeslagen. Dat vind ik zo fascinerend. Daar wil ik me de rest van mijn leven mee bezighouden."
During mei har boek 'De laatste lente van de dinosauriërs'
© Ilva Stoelwinder
As During yn de media ferskynt, giet it faak oer dinosaurussen. Mar dat komt om't dy it meast mediasjenyk binne.
Sy fynt dat net in grut probleem. "Ik krijg weleens de vraag: wat is je lievelingsdino? Dan denk ik: dat is alsof je aan een moeder vraagt wat haar lievelingskind is."

Op eigen fuotten

During groeide op yn de kop fan Noard-Hollân en waard berne yn Langedijk. Har thússituaasje wie net maklik. Op har âlden koe se net rekkenje.
"Ik heb in drie pleeggezinnen gezeten. Vier maanden hier, vier maanden daar."
Op har 17e kaam se op eigen fuotten te stean. "Uiteindelijk ben ik naar Jeugdzorg gegaan en heb ik gezegd: ik kan prima voor mezelf zorgen, ik wil een dak boven mijn hoofd. Dat mocht toen."
It wie in beslissende tiid foar har. "Ik bedacht me: als ik ga studeren, ga ik iets studeren wat ik leuk vind. Werk vind ik wel."
Melanie During, paleontolooch en winner fan de Fryske Vrouw in de Media Award
© Ilva Stoelwinder
Hoewol't paleontology net foar de hân lei, wie it wol de rjochting dy't sy keas.
De ynteresse dêrfoar begûn doe't se in jier as sân wie. "Ik vond per ongeluk fossielen. Er was een nieuwe laag schelpen op een schelpenpad neergelegd. Die verzamelde ik."
Sy naam se mei en yn de biblioteek fan Langedijk waard se dêrmei nei de natuerboeken stjoerd.
"Als je op 7-jarige leeftijd ontdekt dat het fossielen zijn en dat er in het verleden hele andere levensvormen op de aarde hebben rondgelopen... Ik was hooked."

During keas har eigen paad

It typearret it ûnôfhinklike en selsstjoerende karakter fan During. Dat liet se ek op skoalle sjen. During begûn op it vmbo, mar klom fia havo en vwo op nei de universiteit.
It gie thús net goed, mar in skoalkoördinator holp har fan havo nei vwo. "Ik kreeg vertrouwen, dat heeft een groot verschil gemaakt."
In dino yn Natuurmuseum Fryslân
© Omrop Fryslân
As masterstudint fielde sy har foar it earst écht wittenskipper, nei it publisearjen fan in wittenskiplik paper.
"Een van de weinige vrouwelijke professoren zei toen tegen mij: 'Ik snap echt wel dat je jezelf een student noemt, maar je bent een master aan het doen. Dat doe je alleen maar omdat je wetenschapper bent.' Dat vond ik zo mooi."
Ik ben een wetenschapper, wat iemand daar ook van vindt.
Melanie During
Doe't se úteinlik mei har PhD begûn, wie alle twivel fuort. "Ik ben een wetenschapper, wat iemand daar ook van vindt."

Ynspiraasje

During komt fan fier, mar wurke har op nei it punt dêr't se no stiet. Dat soks kin, wol se graach oerbringe.
"Ik weet dat veel kinderen in de schoenen staan waarin ik ooit stond. Ik wil dat zij weten dat hun interesses en passies het waard zijn om na te jagen."
Melanie During
© Ilva Stoelwinder
Sy krijt in soad e-mails fan jongelju dy't bygelyks dwaande binne mei in profylwurkstik en mei fragen komme.
"Dat vind ik echt kicken. Als ze mij willen interviewen, probeer ik daar tijd voor uit te trekken. Het maakt niet uit of ik heel druk ben, ik wil dat ze weten dat ik de tijd neem om hun aandacht te geven. Voor zo'n puber kan dat cruciaal zijn."

During waard in BN'er

Troch har wurk waard During in bekend gesicht. Sy siet yn De Slimste Mens, skode oan by talkshows en ferskynde yn alderhande blêden. "Dat geeft mij de mogelijkheid om de verhalen die ik ontdek te vertellen."
During wurdt wol de 'rockster fan de paleontologie' neamd. Hoewol't in soad minsken har werkenne sille oan har opfallende, rôze hier, hopet sy dat de klam op har wurk lizzen bliuwt.
"Als ik met een ontdekking kom en de eerste vraag gaat over mijn haar, dan zeg ik: 'Zullen we dat bewaren tot we het over het onderwerp hebben gehad?' Ik heb deze haarkleur al vijftien jaar. Ik ben het wel gewend."
Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
In lytse trije jier lyn bedarre During yn Ljouwert. "Mijn partner en ik woonden in Zweden, waar ik mijn PhD deed. We kregen een kindje en we wilden ook dat hij opa en oma wat vaker kon zien."
During har partner sollisitearre yn Nederlân en waard konservator by Natuurmuseum Fryslân. Sa waard During in West-Fries yn Fryslân.
"Het is een plek die gewoon heel verwelkomend voelt", seit During oer Ljouwert. "Het heeft de rust die veel steden niet kennen. Ik heb ook in Rotterdam en Amsterdam gewoond, daar is het heel anders. Dit voelt als thuis."

Takomst yn Ljouwert

Op dit stuit wurket During as dosint by de VU Amsterdam.
"Maar ik heb een beursaanvraag ingediend. Mijn plan is om een leerstoel bij RUG Campus Fryslân in te nemen, in combinatie met de Universiteit Utrecht. Dus ik hoop dat ik binnenkort op mijn fietsje naar het werk mag."
Sy hat har plak fûn. "Ik moet bekennen dat ik wel verliefd geworden ben op Leeuwarden. Ik wil hier lekker blijven."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.