Omrop Fryslân

Learlingen komme yn 'e kunde mei praktyske beroppen: "Jonge minsken binne net te finen"

Mitselaar Sjoerd van der Meer helpt in learling mei mitselen
© Omrop Fryslân
De krapte op de arbeidsmerk is yn Fryslân in grut probleem. Ferskate sektoaren hawwe in tekoart oan personiel en om dêr wat oan te dwaan organisearret Knooppunt Heerenveen op 'e nij in beroppekarrûsel.
By de karrûsel binne ferskate beroppen oanwezich yn sektoaren as logistyk, de ICT, grien, mar ek soarch en technyk. Yn dy lêste sektoaren binne se bliid mei in dei as dizze.
"Wy fernimme dat it dreech is om minsken te finen yn it mitselfak. It binne faak jonge minsken dy't al hielendal net te finen binne", leit mitseler Sjoerd van der Meer út.
Op dizze beroppedei kinne learlingen fan sawol it basisûnderwiis, it fuortset ûnderwiis as ek mbû-studinten yn 'e kunde komme mei de ferskate beroppen.
"We weten dat de handjes in deze beroepen goed te gebruiken zijn, dus het is belangrijk om de leerlingen nu al even te laten snuffelen aan alle beroepen", fertelt Willeke Hoogma fan de organisaasje.

Drokte by soarch stands

Bij de stand fan de deibesteging rint it de hiele tiid troch. "Wy hawwe it hjir bêst drok. De learlingen binne hiel entûsjast", fertelt Sjoukje, dy 't op de deibesteging wurket.
"En dat is ek ús doel. Der is yn de soarch in grut tekoart oan personiel. No hawwe we dêr by ús op de deibesteging noch gjin lêst fan, mar dat wolle we ek net."
Ik vind het geweldig hier. Mijn moeder werkt ook in de zorg, dus ik wil dat ook graag.
Jeyda út groep sân
Sa'n 2.200 learlingen strune tongersdei by de stands del en dat mei in soad wille. "Ik vind het geweldig hier. Zo veel stands, echt leuk", fertelt Jeyda. "Vooral ook omdat mijn moeder in de zorg werkt, dus ik wil dat ook graag."
In soarchstand op de beroppedei
© Omrop Fryslân
Ek de technyk falt goed yn 'e smaak. "Wij hebben net gemetseld en dat was best leuk", seit in groep famkes fan de middelbare skoalle.
De technyk hat dan ek in goede yndruk efterlitten. "Ik denk dat ik wel iets in de techniek wil gaan doen. Ik vind met mijn handen werken sowieso leuk. Ik ben heel druk, dus dan heb ik altijd wat te doen."

Makliker kieze

It is de tredde edysje fan de beroppedei en op mbû-skoalle Firda merke se dat studinten makliker kieze kinne. "Studenten maken nu sneller en makkelijker een keuze in wat ze willen", leit Bas Daanje, direkteur fan Firda op It Hearrefean út.
"En dat werkt ook voor bedrijven, want we zien het aantal studenten die een technisch vak kiezen al stijgen. De zorg blijft nog wel achter, dus dat is nog wel een probleem."
De beroppekarrûsel is ek yn it libben roppen troch dit probleem.
"Het is er dus nog steeds, dus we hopen volgend jaar gewoon weer een vierde editie te organiseren", fertelt Hoogma. "Wel merken we dat bedrijven en instanties het wel moeilijker vinden om aanwezig te zijn, door de drukte en het krapte aan personeel, dus we kunnen het misschien ook één keer in de twee jaar doen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.