Omrop Fryslân

Oait seach Kok op tsjin 1.500 meter: "No ha ik der foaral nocht oan"

Femke Kok yn de Milano Speed Skating Arena
© Orange Pictures
Femke Kok sjocht harsels net as topfavoryt op de olympyske 1.500 meter fan freed, mar as outsider.
"Dit wurdt myn earste ynternasjonale 1.500 meter. Dat klinkt eins bêst wol lullich, betink ik my no", seit se laitsjend nei har training fan woansdei op it olympyske iis tsjin parseburo ANP.
Snein wûn Kok mei grut fertoan fan macht de 500 meter, nei't se earder al yndruk makke mei it sulver op de 1.000 meter. Op dy lêste ôfstân koe allinnich Jutta Leerdam har noch krekt foarbliuwe.
It gie sa maklik, dat ha ik noch noait sa field.
Kok oer har slotronde op de 1.000 meter
En hoewol't Kok dus noch noait in ynternasjonale wedstriid op de 1.500 meter riden hat, stiet se freed wol mei in soad fertrouwen yn de start. Dat komt benammen troch har lêste rûntsje op de 1.000 meter.
"Doe ried ik in slotronde fan 28,6. Dat ha ik yn Europa noch noait dien. It gie sa maklik, dat ha ik noch noait sa field."

Betiid oan de start

Omdat Kok noch nea in ynternasjonale 1.500 meter riden hat, wurdt se freed yndield yn ien fan de earste ritten.
"Dat fyn ik ek wol lekker, want dan kin ik my folslein fokusje op mysels en net op tiden fan oaren."

Konkurrinsje

De konkurrinsje komt ûnder oare út Fryslân (Marijke Groenewoud en Antoinette Rijpma-de Jong), mar foar de grutste kânshawwers sjocht Kok nei it bûtenlân.
"Miho Takagi is fansels in grutte kânshawster en fierder ek Ragne Wiklund en Francesca Lollobrigida. Lollobrigida is nei har oerwinningen op de 3 en 5 kilometer yn de winning mood kaam, sy kin samar in útsjitter ha."

Plan klear

Kok hat har plan klear. "De favoriten sille oan de ein fan de race tiid op my ynhelje, mar ik hoopje om yn it begjin de winst te pakken."
"Ik wol my op dizze ôfstân bewize, sa't ik dat gefoel earder op de 1.000 meter hie. Doe seinen guon minsken earst ek: dat wrudt neat."

Kok makke al yndruk op 1.500

Kok pleatste har foar de olympyske 1.500 meter troch op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai yn Thialf as twadde te einigjen. Begjin dit seizoen ferbaasde Kok elkenien al troch yn Thialf in nij baanrekôr op de 1.500 te riden.
Oait seach Kok op tsjin de 1.500 meter. "Mar no is it de lêste twa kear goed kin. Ik ha der no foaral nocht oan."

Skema

De earste rit op de 1.500 meter foar froulju is freed om 16.30 oere.
De lotting is tongersdei yn de neimiddei.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.