Omrop Fryslân

Stichting Afvaloven Nee easket ynlûken fergunning REC: "Ondeugdelijke grondslag"

It terrein fan boppen
© Omroep Zilt, Lennard Geerts
Stichting Afvaloven Nee wol dat de provinsje Fryslân de fergunning fan de ôffaloven fan Omrin yn Harns fuortendaliks ynlûkt. De oven draait neffens de stichting al jierren op basis fan "een ondeugdelijke feitelijke en juridische grondslag".
It giet de stichting benammen om it saneamde reekgasdebyt fan de Reststoffen Energie Centrale (REC): de hoemannichte reekgas dy't yn in oere fia de skoarstien útstjitten wurdt, útdrukt yn kubike meters.
Dat debyt leit neffens Stichting Afvaloven Nee (SAN) al jierren struktureel heger as dêr't mei de fergunningen fan útgien is.
Ut jiergemiddelden soe bliken dwaan dat de REC yn alle gefallen sûnt 2011 mear reekgas útstjit as it oarspronklik fergunde nivo fan 177.000 kubike meter de oere.
Dat sifer wie in wichtich útgongspunt yn de miljeu-effektrapportaazje (MER) út 2007.
Wurk yn de REC by in iepen dei yn oktober 2023
© Omroep Zilt
Sa ferwiist de stichting nei in konstatearring fan tafersjochhâlder FUMO út july 2016. Doe waard fêststeld dat it jiergemiddelde reekgasdebyt yn 2014 en 2015 sa'n 230.000 kúb yn 'e oere wie, sa'n 30 prosint boppe it doe hantearre fergunde debyt.
Neffens de stichting waard doe eksplisyt konkludearre dat sprake wie fan in permaninte oertrêding fan fergunning en wet. Dat oardiel is neffens de stichting "nooit ingetrokken".
Hans Gillissen fan SAN fynt dat FUMO achter de feiten oanrint: De FUMO controleert pas nadat het jaar is afgelopen. "Daardoor zijn ze altijd te laat. Vervolgens reageert het alleen met een waarschuwing."
Yn 2023 waard de noarm ferromme nei 211.500 kúb yn 'e oere, mar neffens de stichting gean se dêr yntusken struktureel oerhinne.

Reaksje provinsje

In wurdfierder lit witte dat de provinsje him noch beriedt op in reaksje op de brief fan Stichting Afvaloven Nee.
De provinsje kin dêrom noch net ynhâldlik reagearje.
De provinsje kundige yn novimber 2025 al oan in lêst ûnder twangsom op te lizzen, nei't tafersjochhâlder FUMO fêststeld hie dat it jiergemiddelde reekgasdebyt yn 2024 boppe de fergunde noarm útkaam. Earder hie Afvaloven Nee hjiroer al in brânbrief oan de provinsje stjoerd.
Nei oanlieding fan dy oankundige twangsom liet Omrin witte opnij in fergunningswiziging oanfreegje te wollen om it reekgasdebyt fierder te ferromjen.
De ympakt op natuer en miljeu soe neffens it bedriuw ûnferoare bliuwe.
Gillissen seit dat dy twangsommen in waaksen noas binne: "De provincie legt af en toe wel een dwangsom op, maar dat is ook een soort van waarschuwingsmethode. Deze boetes worden bovendien nooit daadwerkelijk opgelegd", beweart Gillissen.

"Jierrenlange yllegale situaasje"

Yn in nije brief fan 6 febrewaris 2026 oan it provinsjebestjoer stelt Stichting Afvaloven Nee opnij dat by de fergunningoanfraach gebrûk makke is fan "onjuiste, onvolledige en op onjuiste aannames gebaseerde gegevens", ûnder mear oer it reekgasdebyt en de hantearre mjit ûnsekerheidsmarzjes.
Dêrby ferwiist de stichting nei in brief fan de advokaat fan REC oan de Ried fan Steat fan 16 jannewaris dit jier, dêr't befêstige wurdt dat by de oanfraach mei ûnkrekte útgongspunten wurke is. De stichting konkludearret dat de ferromme fergunning "de jarenlang bestaande illegale situatie niet legaliseert."
Offaloven REC
© Omroep Zilt, Lennard Geerts
De ôffaloven leit tichtby de Waadsee, oanwiisd as Natura 2000-gebiet en UNESCO Wrâlderfguod. Neffens de stichting bringt dat in ferhege soarchplicht foar it befoege gesach mei him mei.
SAN freget de provinsje dêrom de omjouwingsfergunning yn te lûken of te skorsen en de ynstallaasje stil te lizzen salang't gjin rjochtsjildige, aktuele fergunning fan krêft is.

FUMO freget om neiere ûnderbouwing

Tafersjochhâlder FUMO hat út namme fan it provinsjebestjoer reagearre. It fersyk fan Afvaloven Nee wurdt opfette as in hanthaveningsfersyk, mar is neffens FUMO "onvoldoende duidelijk" en "onvolledig" om direkt yn behanneling te nimmen.
Sa ûntbrekke ûnder mear it adres fan de statutêre sit fan de stichting, in machtiging dêr't út bliken docht dat de yntsjinner út namme fan de stichting optrede mei, en in konkrete spesifikaasje fan de stelde oertrêdingen mei data en juridyske grûnslaggen.
De stichting krijt trije wiken de tiid om de ûntbrekkende gegevens oan te leverjen. Oant dy tiid wurdt de wetlike beslistermyn opskort. As de frege ynformaasje net op 'e tiid jûn wurdt, kin it fersyk bûten behanneling litten wurde.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.