Frisiabrêge by Frjentsjer bliuwt ticht troch steuring
De Frisiabrêge oer it Van Harinxmakanaal by Frjentsjer bliuwt foarearst ticht. Dat lit de Provinsje Fryslân witte.
Yn de ôfrûne wiken is it meardere kearen foarkaam dat de brêge troch in ûnbekende steuring iepen stean bleau. Autoferkear moast doe omride troch de stêd.
In wurdfierder fan de provinsje seit tsjin de lokale omrop Zilt dat it net te foarsizzen is wannear't it mis giet. Salang't de oarsaak fan de problemen net bekend is, wurdt de brêge net fan ôfstân betsjinne.
De brêge is goed seis meter heech, dus de measte skippen kinne der gewoan ûndertroch. Foar in oantal spesjale, al ynplande transporten wurdt de brêge lokaal betsjinne.
Mear 112-nijs fynst hjir: