Saar Zijlstra (10) wol de nije Jutta of Femke wurde: "Dat is mijn grootste droom"
Saar Zijlstra is noch mar tsien jier, mar wit wat se wol: krekt sa goed wurde as Jutta Leerdam en Femke Kok. "Of het lukt weet ik niet, maar het is mijn grote droom", fertelt it famke fan Ljouwert. Dan bynt se har redens ûnder en jout gas.
Saar is ien fan de protte jonge reedriders dy't sneon it iis fan de Elfstedenhal yn Ljouwert opsykje. Dêr krije se les fan de trainers fan de reedrydskoalle. De technyk ûnder de knibbel krije, trochsette en foaral dreame fan in gouden takomst.
Saar Zijlstra (10) wol de nije Jutta of Femke wurde: "Dat is mijn grootste droom"
Saar folget alle reedrydwedstriden fan de Olympyske Spelen yn Milaan. Se wit dat Jutta, Femke en al dy oaren in lange wei ôflein ha nei de top.
"Ik zou zo graag nu al zo goed zijn, maar ik ga mijn best doen. In de zomer ben ik aan het skeeleren en nu sta ik op het ijs."
Se hat in protte wille en dat is foarearst it allerwichtichste, seit koördinator Yldou Visser fan de reedrydskoalle.
"Dêrneist is it prachtich at je in dream ha. Oft dy útkomt, is natuerlik de fraach, mar at je it hiel graach wolle kin je in ein komme."
De prestaasjes fan de Nederlânske riders smyt net allinne mear fans op, mar ek jongeren dy't sels ride wolle. "De belangstelling wurdt grutter, dat kin je seker fernimme", stelt Visser.
Moarn kin der wer in medalje by komme want Femke Kok is favoryt op de 500 meter, "AS se goud wint krije we it hjir drok yn de Ljouwerter hal."
Yntusken rydt Saar har safolste rûntsje. Moarntemiddei kin se net traine, dan sit se foar de TV.
"Ik ben nu al gespannen, ik hoop zo dat Femke wint. Of ik later de nieuwe Femke ben? Ik hoop het."