Klearstome foar olympysk goud: sa wurde talinten yn Thialf test
Wêr moat in reedrydtalint op traine om letter skitterje te meien op de Olympyske Spelen? Balans, sprongkrêft, eksplosiviteit; sportwetinskipper Marije Elferink-Gemser test it allegearre yn Thialf. "We vergelijken hun uitslag met die van toppers van vroeger."
By it sjen fan de Winterspelen witte in soad jonge riders it seker: 'Dit wol ik ek'. Mar de wei nei de Olympus is lang. Om de kânsen te fergrutsjen, wachtet dizze groep in rige tests yn Thialf.
Dy binne der sûnt 2008 en wurde útfierd troch learlingen fan de RUG. Liedingjaande is sportwetinskipper Marije Elferink-Gemser (52) fan Snits.
Talint werkenne én ûntwikkelje
Jonges en famkes fan fjirtjin jier ôf wurde oant fjouwer jier lang test op allerhande aspekten. Dit bart twa kear yn it jier yn de saneamde mjitstrjitte, dy't ûnderdiel is fan de Talentdagen fan de KNSB.
"Met een momentopname kun je weinig. Daarom nemen we hen voor een langere tijd onder de loep. Op die manier kun je niet alleen talent herkennen, maar het ook helpen ontwikkelen", seit de ûndersiker fan de RUG.
Zet hij of zij goed af, gaat de klapschaats wel op het juiste moment uit?
De jonge sporters wurde op allerhande aspekten test. Op basis dêrfan kinne je ek bepale oft ien geskikt is foar in sprint of lange ôfstân. Dat sjogge je ûnder mear oan de hân fan (sprong)krêft, úthâldingsfermogen en eksplosiviteit.
Dat lêste mjitte sy en har studinten bygelyks mei de Wingatetest: in maksimaaltest fan 30 sekonden op in spesjale fytsergometer.
Filmje mei NK
"Maar ook lichaamsbouw, schaatstechniek, en mentale kwaliteiten komen in het dataoverzicht", seit Elferink-Gemser, dy't deroan taheakket dat de sporters ek filme wurde by it NK; it momint dat se op harren bêst wêze moatte.
Mei al dizze ynformaasje en analyzes kinne coach en talint dêrnei oan de slach. Want ride is by útstek in sport dêr't maatwurk levere wurdt. Alle jonges en famkes lizze in oare rûte ôf.
Skema oanpasse
Trainers binne bliid mei it ûndersyk. Op basis fan de testskoares kinne sy beslute op hokker flak oft de reedrider him ferbetterje kin. As ien hiel goed skoart op de Wingatetest, kin it ferstannich wêze om mear omtinken te fêstigjen op de technyk, leit Elferink-Gemser út. It skema wurdt dan oanpast.
Set hy of sy goed ôf, gien de klapredens op it goede momint út? "En als de kracht juist ontbreekt, dan moet de motor sterker worden gemaakt."
De KNSB skriuwt dus net reedriders ôf op basis fan de gegevens, seit Elferink-Gemser mei klam. It is in praktysk hânfet dat rjochting jout.
Dêrby wurdt it profyl fan reedriders fergelike mei dat fan toppers út it ferline.
"Als iemand over acht jaar olympisch kampioen wil worden, dan pakken we de resultaten erbij van een oud-winnaar die toen ook zo oud was. Door zo'n meetpunt weet je wat dan nog beter moet."
1500 meter
It is fan krúsjaal belang dat in reedrider de enerzjy goed wit te ferdielen. By de sprint is it simpel, seit de Snitser, dan jout er eltse sekonde alles. Mar by de 1500 meter is dat al oars. Dêrom sjogge ûndersikers dat as in ôfstân dêr't je in soad fan ôfliede kinne.
Reedriders moatte flak oer de finish gjin grisseltsje enerzjy mear oer hawwe. Dat betsjut dat je krekt witte moatte hoefolle enerzjy je yn hokker omgong ferbrûke.
"We zien dat het een na laatste rondje vaak het verschil maakt. De schaatsers die dat goed doen, redden het meestal wel. Dus daar letten we ook op."
Marianne Timmer wist precies wat goed voor haar was.
Neffens Elferink-Gemser kinne ûndersyksresultaten it ferskil meitsje by twivelgefallen. As ien him net fierder ûntwikkelet, sûnder dúdlike reden, sit dy persoan oan syn of har plafond.
By in oar binne der op basis fan de data miskien noch in soad stappen te setten. By de echte toppers is harren takomst faak wol dúdlik.
Witte, wolle, dwaan
Om it heechste poadium te heljen moatte neffens har trije haadeleminten oanwêzich wêze: witte, wolle, dwaan. Sporters moatte bewust wêze fan de eigen kwaliteiten en wat se leverje moatte, dêr alles foar dwaan wolle, en der dêrnei ek nei hannelje.
Marianne Timmer wie sa'n ien. Elferink-Gemser ried eartiids mei har yn de seleksje. "Marianne was nooit een type van het heel bewust plannen of evalueren. Zij deed het gewoon."
"Als we buiten aan het trainen waren en de coach zei dat we tien keer moesten sprinten, verstopte zij zich na zes sprints achter de boom. Waarom? Omdat ze precies wist wat goed voor haar was. Na zes rondes had ze zichzelf namelijk helemaal leeg geschaatst."
Flamme op tv
Elferink-Gemser hellet in soad foldwaning út har wurk, fertelt se ta beslút. It fan tichteby sjen hoe't it paad fan in talintfolle sporter rint, bliuwt neffens har prachtich. Wêr't dy ek einigje mei.
"Maar", sa erkent sy, "het is toch wel het allermooist als je een voormalig talent uiteindelijk ziet vlammen op tv."