PC, agraryske dagen en âld kofjefabryk: nij plak foar skiednis Frjentsjer en omkriten
Wa't mear witte wol oer de skiednis fan Frjentsjer en omjouwing, kin fan no ôf terjochte yn de biblioteek fan de stêd. Dêr is dizze wike in Historisch Informatie Punt iepene.
It punt is iepene om it materiaal fan Historisch Centrum Franeker (HFC) tagonkliker te meitsjen foar in breed publyk.
"We ha sels in prachtich plak yn it stedhûs, mar dat sit oan de achterkant", seit Piet Postma fan it HFC. "Net elkenien wit it te finen."
De biblioteek is by folle mear minsken bekend en boppedat tagonkliker. Dêr stiet no in romte mei boeken oer de skiednis fan de stêd en omlizzende doarpen.
"Elkenien kin hjir komme om de boeken te lienen en te besjen", fertelt Postma.
De boekekast stiet fol mei boeken oer âlde skipswerven, de gevelstiennen yn de stêd, Anna Maria van Schurman, de PC en de agraryske dagen.
Wikseljende eksposysje
Njonken de boekekast is der in wikseljende eksposysje yn de byb. De earste eksposysje giet oer it âlde kofjefabryk fan Van Balen (1881) yn Frjentsjer.
Attributen fan it fabryk steane yn in fitrine, op in telefyzjeskerm is in film oer it fabryk te sjen.
Oer trije moannen feroaret it ûnderwerp yn de eksposysje: dan giet it oer de Twadde Wrâldoarloch. Wer trije moannen letter is de PC oan bar.