Omrop Fryslân

Trije ton skulpen meitsje briedeilân Wide Mar klear foar nij seizoen

Boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Staatsbosbeheer
© Omrop Fryslân
Sa'n trije ton oan skulpen wie nedich om it eilân de Wide Mar by Stiens klear te meitsjen foar de briedtiid. It eilân wie fol groeid en dat wie foar Staatsbosbeheer lestich fuort te heljen, mar der is feroaring yn kaam.
De skulpen soargje no wer foar in moai briedplak foar de fûgels.
"Op dizze wetterplasse leit de briedeilân. Dat is in feilich plak foar fûgels. Kustfûgels binne dit soarte omjouwingen ek wend, dus dy hâlde derfan om in kûltsje te meitsjen yn de skulpen en dêr dan harren aaien yn te lizzen", leit Gjerryt Hoekstra, boskwachter by Staatsbosbeheer, út.
En dat wie in hiele put. "Dit is in gebiet dat reedlik fier fan de bewenne wrâld ôf leit, dus we moasten wat betinke hoe't we dy skulpen hjir krije soene. Uteinlik is it slagge mei rydplaten, mar dat hâldt noch wol wat yn."
Eilân it Wide Mar by Stiens
© Omrop Fryslân
Ek is de berikberens foar Staatsbosbeheer sels better wurden. "Oan de eastkust sitst it tichtst by it fêste lân. Dêr ha we rydplaten tusken lein", fertelt Hoekstra.
"Sa kinne wy yn 'e takomst, mocht der wer begroeiïng komme, der makliker by komme om it te bestriden."

In jierreplan

Al mear as fiif jier libbet dit plan by Steatsboskbehear. It plan stie heech op harren list en moast earder al útsteld wurde. "Dêr baalden we fan. No wie it einlings safier en woene se it hast wer útstelle, mar dat is gelokkich net bard."
"It is in projekt dêr't in soad by sjen komt. Earst wurkje je sa'n plan út, mar dêrnei moat der ek noch finansiering komme. Dat slagge dus úteinlik en dat is top."
Hoekstra is bliid mei it nije plak. "We binne hiel bliid dat it einlik slagge is. Der is wer in moai plak foar de fûgels om te brieden, dus we geane in moai briedseizoen temjitte."
Op 1 maart begjint it briedseizoen by de Wide Mar. Leafhawwers kinne fanút de fûgelsjochhutte genietsje fan it brieden fan de fûgels op it eilân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.