Natuerorganisaasjes: Feartsjinst nei It Amelân moat minder auto's en frachtweinen oersette
De feartsjinst nei It Amelân moat yn 'e takomst folle minder auto's en frachtauto's oersette. Dêrfoar pleitsje It Fryske Gea, Natuermonuminten en de Waadferiening. Se dogge dat no, omdat tongersdei de Twadde Keamer oer de feartsjinsten nei de Waadeilannen praat.
Foar de feartsjinst fan Holwert nei It Amelân moat no noch in soad baggere wurde yn de Waadsee.
In plaats van de natuur aan te passen aan onze wensen - door heel veel te baggeren - moeten wij ons aanpassen aan de natuur. Dat betekent minder auto's overzetten.
"Het Wad wordt steeds ondieper. In plaats van de natuur aan te passen aan onze wensen, moeten wij ons aanpassen aan de natuur. Dat betekent minder auto's en minder vracht overzetten", seit Bas Bijl fan de Waadferiening.
Mar neffens de trije natuerorganisaasjes kin it ek oars. As jo minsken oersette mei lichtere en smellere boaten en frachtauto's, allinnich mei heech wetter, krije jo op termyn in duorsumer en folle tûker ferfierssysteem, tinkt Bijl.
Duorsumer alternatyf
"Ik realiseer me goed dat je zo'n grote verandering niet op korte termijn kunt invoeren", seit Bijl. "Maar het is wel tijd om hierover na te denken en met elkaar in gesprek te gaan."
Hy fynt dat de nije koarte konsessy fan sân jier foar de eastlike Waadsee brûkt wurde moat om nei te tinken oer in duorsumere feartsjinst.
In feartsjinst dy't minder auto's oerset, betsjut dat der in duorsumer alternatyf wêze moat, want ferlet oan ferfier sil der bliuwe.
Bijl tinkt dan bygelyks oan in systeem om bagaazje fan toeristen te besoargjen op it plak dêr't se oernachtsje. As jo dat goed regelje, ferfalt neffens Bijl foar in soad fakânsjegongers de needsaak om de auto mei te nimmen nei it eilân.
Net nei Ferwert
De natuerorganisaasjes fine it gjin goed idee om de fearhaven oan de Fryske Waadkust te ferpleatsen fan Holwert nei Ferwert, sa't it Ryk op dit stuit ûndersiket.
"Bij Ferwert moet je dwars door de grootste aaneengesloten kwelder van Europa een nieuwe pier bouwen. Daar zijn we tegen." Ek tinkt Bijl dat nei ferrin fan tiid it ek by Ferwert nedich wêze sil om te baggerjen.
Bijl wit dat benammen de ûndernimmers op It Amelân net folle hawwe moatte fan plannen om autoferfier op it eilân te beheinen. In diel fan de Dútske fakânsjegongers nimt graach de eigen auto nei it eilân mei en de ûndernimmers wolle dy klanten net graach kwyt.
Neffens Bijl is it krekt yn it belang fan de eilanner ekonomy om nei te tinken oer takomstbestindich ferfier. "Er is een omslag in denken nodig. Met een steeds ondiepere Waddenzee moeten we het transport over die zee anders gaan regelen."
Direkteur Jieskje Hollander fan Rederij Wagenborg wiist der yn in earste reaksje op dat har bedriuw ferplichte is om minsken en bedriuwen dy't in kaartsje keapje oer te setten. It is dêrby de oerheid dy't de spulregels bepaalt.
Mar Hollander is der wis net op tsjin om te ûndersykjen oft in part fan it ferfier duorsumer kin. "Wy sette as bedriuw ek al stappen op it gebiet fan duorsumens. Us feartsjinst nei Skiermûntseach wurdt yn 2030 elektrysk. Dêr sjoch ik no al nei út."