Omrop Fryslân

Us manlju yn Milaan sykje út of de Olympyske Spelen nei Thialf komme

Wylst de Olympyske Spelen yn Milaan noch yn folle gong binne, wurdt der al in soad praat oer de folgjende edysje. Thialf is yn de race om it langebaanriden te organisearjen.
De Olympyske Spelen fan 2030 wurde organisearre yn Frankryk. Dochs hat dy organisaasje ferskate oare lannen om help frege. De Frânsen hawwe nammentlik gjin geskikte hal foar it langebaanriden en binne net fan doel om ien te bouwen.
Thialf en Turyn binne de lêste twa opsjes dy't oer binne en kâns hawwe om it langebaanriden te organisearjen. Dus is it praat fan de dei yn Milaan: slagget it Thialf?
Wander en Willem sochten it út.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.