Caroline van der Plas wol in bettere haven foar Skylge: “Er moet wat gebeuren”
In delegaasje fan Twadde Keamerleden hat in besite oan Harns, Flylân en Skylge brocht. Sy reizgen nei Fryslân ôf om de útdagingen by it Waad mei eigen eagen te sjen.
It draaide ûnder oare om feilichheid by heech wetter, berikberens, leefberens en ûntwikkeling fan de natuer.
De wurkbesite begûn yn Harns en einige op Flylân. De politisy krigen ek in rûnlieding oer de haven fan Skylge. Dy is yn in minne steat. Der binne miljoenen euro's nedich om de boel op te knappen.
"Er moet echt wat gebeuren"
Nei de ûntfangst fan in petysje ferline moanne, seach de kommisje Ynfrastruktuer en Wettersteat no sels hoe't it derfoar stiet.
"Je merkt aan alles dat het niet in goede staat is. Dat er echt wat moet gebeuren en op korte termijn", sei Caroline van der Plas fan de BBB.
"We voelden de bus echt schuin staan. Je kunt het ook zien op sommige plekken."
Van der Plas sil har bêst dwaan om jild foarinoar te krijen. "Ik vind het altijd moeilijk om te beloven dat iets gaat lukken, maar ik beloof wel dat ik ervoor ga strijden."
"De gemeente kin dat net allegearre sels op it kleed lizze, dêr moat it Ryk foar byspringe. Ik hoopje dat ik myn kollega's dêrfan oertsjûgje kin", seit Habtamu de Hoop fan GroenLinks-PvdA oer de oanpak fan de haven.
"Ik wenje yn de buert, dus ik kom hjir faak en wit ek hoe wichtich oft it is om mei-inoar te ynvestearjen yn de haven, sa't dy berikber bliuwt. Foar de minsken dy't der wenje, mar ek foar toeristen dy't hjir graach komme."
Sitten ynsette foar Skylge
It Fryske Keamerlid is him bewust fan syn posysje.
"Wy hawwe as GrienLinks-PvdA spitigernôch net in plak yn de koälysje, mar we hawwe wol 20 sitten en dus in wichtige posysje yn de Keamer. Ik sil dy goed brûke om ek foar de minsken op Skylge te soargjen dat de haven fersterke wurdt."