Omrop Fryslân

Wander en Willem komme op in pear meter fan de olympyske flam: "Dit is in jongesdream"

Willem Vermeltfoort en Wander Wartena
© Omrop Fryslân
Wander Wartena en Willem Vermeltfoort binne op syk nei it Fryske olympyske gefoel yn Milaan. Dy reis soarget foar it ultime hichtepunt fan elke sportleafhawwer: in moeting mei de wrâldferneamde olympyske flam.
De beide Omroppers komme yn kontakt mei de bûnscoach fan Kanada en mei in starter dy't krekt foar syn pensjoen noch syn dream belibbet.
It is allegear te sjen yn ûndersteande floch fan 'Us mannen yn Milaan':

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.