Omrop Fryslân

Nij platfoarm Omrop Fryslân Foarút rjochtet him op jongere doelgroep

De presintatoaren fan Omrop Fryslân Foarút fan links nei rjochts: Willem Reitsma, Laura Oosterloo, Gaiske Meinsma, Jelmer Hankel
© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân lansearret in nij platfoarm: Omrop Fryslân Foarút. Mei flugge, eigentiidske fideo's wol it platfoarm jongerein better oansprekke én belûke by Omrop Fryslân.
It mediagebrûk fan jongeren feroaret hiel hurd. It nije platfoarm fan Omrop Fryslân lit him ynspirearje troch inisjativen as NOS op 3, dêr't jongeren op in tagonklike wize by meinaam wurde yn ferskate ûnderwerpen.
Troch dy oanpak wurde ûnderwerpen op in natuerlike en eigentiidske wize tichter by jongerein brocht. Ien fan de programmamakkers fan Foarút is Sven Nagel. "Wy uploade foar dit platfoarm leaver minder faak as dat wy ynleverje moatte op útstrieling", fertelt hy.

Kwaliteit boppe kwantiteit

Yn stee fan in soad kontint wurdt der mear tiid stutsen yn produksje en montaazje, mei as útgongspunt: kwaliteit boppe kwantiteit.
It platfoarm wurket mei in fêste groep presintatoaren. Sy nimme de sjogger mei yn ûnderwerpen dy't spylje yn har eigen âldensgroep, altyd út in regionaal perspektyf wei en yn in toan dy't past by it hjoeddeiske medialânskip.
Yn de fideo's ûntdekke de presintatoaren ûnderwerpen en lizze dy ek út. De fideo's binne koart, dúdlik en flitsend.
Yn de earste fideo wurdt bygelyks foar ien jûn in kroech oernaam om te ûndersykjen hoe maklik oft it is om, sûnder hoareka-ûnderfining, de dûnsflier fol te krijen.
Dat slút oan op in dêropfolgjende eksplainer dêr't djipper yngien wurdt op de fraach: wêrom geane wy eins sa let op stap? En wêrom steane wy net al om sân oere jûns yn de kroech, om om middernacht hinne wer op bêd te lizzen?
Omrop Fryslân Foarút is te folgjen fia de webside en it YouTube-kanaal fan Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.