Stroomsteuringsoefening leit kwetsberens Skylge bleat: helpteam hie materiaal efter elektroanysk slot
It oefenjen fan in grutte stroomsteuring op Skylge hat it eilân in protte ynsjoch opsmiten om better taret te wêzen op in kalamiteit. Mei de helptsjinsten en akteurs waard ôfrûne oktober sa'n steuring yn sêne set.
Ut it evaluaasjerapport dat no útkaam is, docht bliken dat der 'sterk oplossingsrjochte' wurke waard, mar dat der ek in protte ferbetterpunten binne.
Kij melke en te min plysje
By in ramp of ynsidint op de Waadeilannen is de koördinaasje yn hannen fan it Coördinatieteam Waddeneilanden (CoWa). Neffens it rapport ferrûn dy koördinaasje by de oefening net optimaal.
Sa wienen der te folle minsken oanwêzich by gearkomsten, wat late ta rûs en betizing.
De knyppunten wienen somtiden ek hiel praktysk fan aard. Sa kaam by de oefening nei foaren dat boeren op it eilân ôfhinklik binne fan stroom om harren kij melke te kinnen.
"In extreme gevallen kan het niet tijdig melken van koeien levensbedreigend zijn", wurdt yn it rapport konkludearre. It is noch net dúdlik hoe't de agraryske sektor taret is op in grutte steuring.
Ek die bliken dat der te min plysje-aginten op it eilân wienen. Sawat alle beskikbere minsken waarden ynset foar oerlizzen en de befeiliging fan it plysjeburo. Foar oare taken wie hast gjin romte. Boppedat wie der gjin needaggregaat op it buro.
Elektrysk slot
Dat needaggregaat ûntbruts ek by de brânwachtkazerne yn Midslân. Wol koe de brânwacht nei it útfallen fan de telefoan frij gau oerskeakelje op kommunikaasje fia portofoans fan it Rode Kruis.
It berik fan dy portofoans wie lykwols net altyd optimaal. Mei saneamde 'repeaters' op fjoertoer de Brandaris en de wettertoer in Hoarn soe it berik fergrutte wurde kinne.
Kurieus wie de situaasje by it team Snel Inzetbare Groep ter Medische Assistentie (SIGMA). Harren materiaal bliek achter in elektroanysk slot te lizzen en dat slot kin net mei in fysike kaai iepenmakke wurde. Boppedat wurke it needaggregaat fan it team net en wienen der gjin portofoans.
"Deze oefening heeft waardevolle input opgeleverd voor het verder optimaliseren van de crisisprotocollen", wurdt skreaun yn it rapport. De klam leit dêrby op it fersterkjen fan de kommunikaasje, it ferbetterjen fan de krisisstruktuer en it fergrutsjen fan bewustwêzen ûnder de befolking.