Wer reedride op natueriis dit wykein? "Allinnich as alles meiwurket"
Spitigernôch foar leafhawwers fan natueriis set de froast net bot troch. Waarman Jan Jonkman tinkt dat as alles meiwurket wy miskien sneintemoarn op bygelyks de Blaugerzen by Eagmaryp of op de Ryptsjerksterpolder ride kinne.
Sawol hjoed as moarn lizze de temperatueren om it friespunt hinne. "As de loft dan ek noch berûn is, sa as hjoed, dan friest it net bot", seit Jonkman.
Sneontejûn geane de temperatueren hurd ûnderút nei min 5. "As it dan opklearret en de wyn falt noch wat fuort, dan is der in kânske dat it sneintemoarn kin op bygelyks de Blaugerzen."
Mooglik snie as spulbrekker
Op sneon is it lykwols ek noch mooglik dat der snie falt. "Dat is net geunstich foar it iis. It hinget dus bot ôf fan wat der moarn krekt bart kwa delslach."
Wa bûten komt, soe tinke dat it bot friest, mar de gefoelstemperatuer seit neat oer de froast. "As it yn absolute wearden boppe nul is en it fielt as min 10 dan hat dat dochs gjin ynfloed op de iisoangroei", leit Jonkman út.
Op it momint dat it yn absolute sifers wol ûnder nul is, hat de gefoelstemperatuer wol wat ynfloed op de iisoangroei.
Nei snein is it foarearst yn alle gefallen dien mei de iiswille, nije wike geane de temperatueren wer omheech.