Fiif oant tsien kear de noarm: te folle PFAS yn it Fryske wetter
Der sitte noch altyd te hege konsintraasjes PFAS yn de Fryske rivieren, marren, kanalen en sleatten. Dat litte mjittings sjen dy't Wetterskip Fryslân de ôfrûne twa jier yn it oerflaktewetter dien hat.
Op de plakken dy't ûndersocht binne, is it nivo geregeld fiif oant tsien kear heger as de noarm.
In grutte ferrassing is dat foar it Wetterskip net, want op de measte plakken yn Nederlân waarden al earder te hege konsintraasjes oantroffen.
Net te folle fisk, wol swimme
"Het is het nieuwe normaal", seit wetterskipsbestjoerder Monique Plantinga. "Het is tegelijkertijd ook abnormaal dat in ons water, wat belangrijk is voor mens, plant en dier, dat daar deze chemische rommel in uitkomt."
Neffens it RIVM, dy't de risikogrinzen fan PFAS yn it wetter fêststelt, is de de maksimale sûne konsintraasje PFAS 0,3 nanogram de liter. Dat wol sizze dat by dat tal in minske in folslein libben lang fisk út dat wetter ite kin, sûnder te folle fan de stoffen binnen te krijen.
Om't dy grins oergien is, leit der al langer it advys fan it RIVM om net regelmjittich selsfongen fisk út it Nederlânske oerflaktewetter te iten.
Wat is PFAS eins?
Wat is PFAS?
Foar swimwetter leit de grins foar in gefaarlike konsintraasje PFAS in stik heger, nammentlik op 280 nanogram de liter. "Mensen zwemmen er kort in en drinken het ook niet op", ferklearret Plantinga.
It Wetterskip hat yn 2024 en 2025 ek de 34 swimwetterlokaasjes yn Fryslân test op PFAS. Swimme is dêr net gefaarlik.
"Daar zien we geen risico's, want wat we daar constateren ligt echt onder de norm. Blijf dus vooral lekker zwemmen."
'PFAS-kraan' ticht
It Wetterskip begûn yn 2024, as earste wetterskip yn Nederlân, mei it testen op PFAS yn it wetter.
Dat wie flak nei de fûnst fan de grutte PFAS-fersmoarging yn de Jelsumer Feart. By de fleanbasis yn Ljouwert koe jierrenlang fan in earder brânwachtterrein ôf PFAS it wetter en it gebiet dêromhinne yn rinne.
Kaderrichtlijn Water (KRW)
As it om PFAS giet, moat it oerflaktewetter yn 2039 foldwaan oan de Kaderrichtlijn Water (KRW). Dat is in Europeeske rjochtline foar it ferbetterjen en skjinhâlden fan bygelyks rivieren, marren en sleaten.
Europeeske lidsteaten moatte eins uterlik yn 2027 oan de KRW foldwaan, mar foar PFAS en guon oare stoffen jildt foarearst in útsûndering. Dy konsintraasjes hoege pas yn 2029 op oarder te wêzen, mei mooglik útstel oant 2045.
It heljen fan de KRW foar PFAS is neffens Plantinga in grutte útdaging. Omdat der no al oerskriuwings binne, PFAS him opheapet en nije technologyen foar it út it wetter heljen fan de stoffen noch net fier genôch ûntwikkele is, is it neffens har tige wichtich dat de 'PFAS-kraan' tichtdraaid wurdt.
"Wat er niet in komt, kan er ook niet uit, dus wat ons betreft moet er een Europees totaalverbod komen op PFAS."
Offalwetter loaze
Dêrneist wol it Wetterskip dat troch gemeenten en de provinsje ûnder oare goed sjoen wurdt nei de miljeufergunningen fan bedriuwen dy't ôffalwetter loaze.
"Dat die op orde zijn en bedrijven goed weten welke stoffen ze gebruiken. Zit er PFAS in: ja of nee? Kunnen ze daar een alternatief voor verzinnen, het minimaliseren, het er zelf uit halen?"
De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) is yn opdracht fan it Wetterskip, de provinsje en de Fryske gemeenten ferantwurdlik foar it beskermjen en feilich hâlden fan de leefomjouwing. De omjouwingstsjinst hâldt ek tafersjoch op it neilibjen fan miljeuregels by bedriuwen.
Neffens de FUMO hat it hege prioriteit om PFAS-fersmoarging safolle as mooglik foar te kommen en werom te kringen. "Wij onderstrepen het belang van bronaanpak en volgen de Europese en landelijke ontwikkelingen op dit gebied nauwlettend", skriuwe se yn in reaksje.
Dielferbod
It demisjonêre kabinet wol PFAS-fersmoarging ek by de boarne oanpakke, mar fynt in totaal lossingsferbod net winsklik.
Demisjonêr minister Robert Tieman fan Ynfrastruktuer en Wettersteat tinkt dat it wichtige sektoaren yn de maatskippij, lykas drinkwetterwinning, stillizze soe.
Bedriuwen soene it ôffalwetter dat ûntstiet by it filterjen fan PFAS út drinkwetter dan ek net mear yn it rioel of oerflaktewetter kwyt kinne.
Dat is een bedreiging voor de gezondheid en moeten we niet laten gebeuren.
Dêrom sjocht it ministearje no nei in mooglik ferbod foar bedriuwen of sektoaren mei in hege PFAS-útstjit.
As net alles op alles set wurdt, sil de oerskriuwing fan de hoemannichte PFAS yn it oerflaktewetter allinnich mar omheech gean, tinkt Plantinga.
"En dat komt ook via de planten en vissen in de voedselketen. Dat is een bedreiging voor de gezondheid en moeten we niet laten gebeuren."