Gruttere wurkdruk ûnder Fryske notarissen: "En dat hâldt ek noch net op"
Notarissen hawwe yn Fryslân te krijen mei in tekoart: it tal notarissen nimt ôf, wylst it wurk tanimt. Dat soarget foar in hege wurkdruk en langere wachttiden foar de klanten.
De tanimming fan it wurk hat meardere redenen, sa fertelt Allard Slagman, notaris fan in grut notariskantoar mei meardere fêstigingen yn Fryslân.
"Minsken keapje mear huzen en der komt mear op de merk. Minsken dy't earder huzen ferhierden, ferkeapje dizze no, omdat it minder rendabel is."
"Ek fernimme we dat de minsken út de babyboom fan doe no fergriizje en dat sy alles better op in rychje hawwe wolle."
Hege wurkdruk
Al dat wurk soarget likegoed by it kantoar fan Stegeman as by Notariskantoor Beks yn Feanwâlden ta in hege wurkdruk.
"Het zou goed zijn als er meer notarissen bijkomen", stelt notaris Frank Beks.
Der is ferlet oan notarissen, ek yn Fryslân
"Op die manier gaat voor ons de werkdruk weer naar beneden en dan kunnen de klanten ook weer beter geholpen worden."
Ek Slagman fielt dy ekstra druk.
"It is mear, wêrtroch't de wurkdruk tanimt, mar wy hawwe meardere kantoaren, dus op die wize besykje wy inoar allegear te helpen."
Byld fan notaris skrikt ôf
Dêr komt by dat minder jonge juristen kieze foar it fak fan notaris, mei as oarsaak ûnder mear de lange en drege oplieding fan yn totaal sa'n acht jier.
Dêrneist is it hawwen fan in soad ferantwurdlikheid ek swier.
"Het is een klein beroep met veel verantwoordelijkheid en aansprakelijkheid", seit kandidaat-notaris Jeannette Beks.
"Dat kan afschrikken, terwijl het in de kern juist een heel menselijk en sociaal vak is."
Dêrom besiket Slagman der alles oan te dwaan om studinten sa betiid as mooglik by it fak te belûken.
"As se by ús bygelyks staazje rinne, besykje we se wol binnen te hâlden. Der binne in soad kantoaren nammentlik."
Beks hopet ek dat studinten de motivaasje hawwe om troch te gean.
Ek in positive kant
"Toen ik 25 jaar geleden begon in het vak, kon ik nergens aan een baan komen. Dat is nu anders. Je kan zo overal aan het werk, dus dat is dan ook wel weer positief."
Dat bliuwt de oankommende jierren ek noch wol efkes sa, neffens Slagman.
"Dit is net samar oer, tink ik. Ik ferwachtsje dat dit noch wol wat jierren trochgiet, dus de studinten hoege har gjin soargen te meitsjen."