Werpsterhoeke by Ljouwert mooglik op 'e skeppe om stielslakken
Ferkearsknooppunt de Werpsterhoeke by Ljouwert moat mooglik oanpakt wurde. De stielslakken dy't as fundament tsjinje, moatte wêr mooglik ynpakt of fuorthelle wurde.
Rykswettersteat skriuwt dat yn in brief oan de Twadde Keamer. Neffens harren is der sprake fan skuorfoarming yn it weidek en ferfoarmingen yn fiadukten, ferhegingen en op- en ôfritten.
It ferkearsknooppunt waard yn 2014 oplevere, yn it projekt 'Heak om Ljouwert'. Neffens Rykswettersteat binne der meardere oarsaken foar de problemen fan no, wêrûnder de wize wêrop't stielslakken doedestiids brûkt binne.
Wurdfierder Anne van der Meer fan Rykswettersteat seit: "We moatte dêr wat mei dwaan. De fraach is allinnich: wat? Ast stielslakken fuorthellest, moatte se earne oars opslein wurde en sa maklik is dat net."
In team fan Rykswettersteat is no oan it sjen nei wat de bêste oplossingen binne foar de problemen by de Werpsterhoeke.
Van der Meer is dúdlik: "Om oerlêst te beheinen sil net de folsleine Werpsterhoeke yn ien kear op 'e skeppe gean. Dat der wat dien wurde moat is dúdlik, allinnich noch net hoe en wat foar hinder dat opsmite sil."
Stielslakken
Stielslakken binne in restprodukt fan stielproduksje. Yn Nederlân komme stielslakken fan Tata Steel. It is in griis stieneftich guod mei dêr swiere metalen yn. Ek by de oanlis fan de Sintrale As waarden stielslakken brûkt, wat letter late ta problemen.
Op dit stuit is it gebrûk fan stielslakken by dit soarte projekten ferbean.