Omrop Fryslân

Wol of gjin les: hoe belibben Fryske skoallen de ôfrûne perioade? "Moatte ien line lûke"

De basisskoallen yn De Westereen wienen in part fan 'e wike ticht
© Omrop Fryslân
Troch it winterwaar fan ôfrûne wike fregen learlingen, âlden en ûnderwiispersoniel harren alle dagen ôf: giet de skoalle iepen of bliuwt er ticht? In omgong leart hoe't skoallen dizze útsûnderlike wike belibben. "Dit wie goed foar harren ûntwikkeling."
Learlingen yn Fryslân holden de waarupdates sekuer yn 'e gaten. En hie de skoalle eins al maild? Troch de snie en kjeld wie faak net dúdlik oft se de oare deis de doar út moasten, of dat se de les fan hûs út folgje koenen.
Op de Fryske middelbere skoallemienskippen moasten der dus aardich wat knopen trochhakke wurde.

Oantinkens oan corona

"It die soms tinken oan de coronaperioade", seit Sjouke Visser, direkteur fan it Lauwers College yn Bûtenpost. "Lege skoallen, Teams-meetings, besluten nimme, en ferdieldheid oer dy besluten."
Woansdei en freed bleaune de skoaldoarren yn Bûtenpost ticht. Moandei foelen de earste trije lesoeren út. "We soene dizze dei boppedat reedride en swimme yn Ljouwert. Dat ha we mar ôfblaasd. Feiligens foar alles."
Guon learlingen fine it noflik om thús yn alle rêst te learen.
Sjouke Visser, direkteur Lauwers College, oer it learen foar de toetswike
It Lauwers College hat meardere fêstigingen yn Fryslân. Visser jout oan dat se foar eltse lokaasje sjogge oft de lessen trochgean.
"We slute de skoalle dus net fuortendalik om't koade oranje ôfjûn wurdt. We sjogge wat past by de regio. Dat liket my ek it bêste ta. Want de waarsomstannichheden yn it westen fan de provinsje hoege net deselde te wêzen as yn it easten."

De rol fan it iepenbier ferfier

It iepenbier ferfier spilet ek yn elk plak wer in oare rol, leit er út. Dêr't foar de iene learling busferfier krúsjaal is, is dat yn Bûtenpost bygelyks net it gefal.
"Hjir binne de treinen just fan grut belang. As dy útfalle, dan moatte we ticht."
It Lauwers College yn Bûtenpost
© RTV NOF
Moandei begûn de toetswike, mar op 'e nij wie it koade oranje. It betsjutte dat de tentamens fan de earste oeren ferpleatst waarden.
De tarieding ferrûn troch it winterwaar oars as oars foar de learlingen.
"Mar", sa seit Visser, "guon learlingen fine it just noflik om thús yn alle rêst leare te kinnen." En as der fragen binne? "Tsja, it is fansels makliker om dy fysyk stelle te kinnen. Mar dan kin dat online. Want de dosinten binne gewoan beskikber. "
Je wolle, foaral nei de krystfakânsje, trochgean kinne.
Baukje Bergsma, wurdfierder Firda
Dat is ek it gefal by de skoallen fan Firda, dêr't de eksamens moandeitemoarn út need skrast wurde moasten. Learlingen kinne dy op in letter momint ynhelje.
Wurdfierder Baukje Bergsma hie it ek leaver oars sjoen. "Omdatst, foaral nei de krystfakânsje, graach trochgean wolst mei de lessen. It is dus efkes skeakeljen."
By Firda wiene allinnich tongersdei de skoallen fysyk iepen.
© Omrop Fryslân
De skoallen fan Firda wiene ferline wike allinnich tongersdei fysyk iepen. Tiisdei, woansdei en freed wiene de lessen online: "In moai alternatyf."
Oan 'e ein fan alle middeis joech Firda in update op it eigen kanaal, nei oanlieding fan de lêste waarupdates. "As der saken feroaren, dan lieten we dat de moarn derop witte."
De âlden fan 'e learlingen hiene neffens har alle begryp foar de maatregels dy't de skoalle naam. "Elkenien hie mei de snie te krijen. Dus je moatte dan no ienkear nei in oplossing sykje."

Healweis omkeare

En dat jildt ek foar de skoallen fan Liudger. Ek al kaam it foar dat in learling soms healweis op 'e fyts omkeare moast. "Dan bleau de skoalle dochs ticht. Mar soks wie ynsidinteel", seit Roel Dijkstra, teamlieder fan lokaasje Burgum.
Oarsom kaam ek foar. Dan besleaten âlden dat it net ferantwurde wie om nei skoalle te gean, ek al wie der wol les. "Der komme learlingen út allerhanne plakken wei nei Burgum ta. Fan Kollumersweach oant Mûnein. Dêr kin de situaasje oars wêze. Dus alle begryp as dêr dan in telefoantsje wei komt."
It soe gjin gek idee wêze as in beslút jildt foar alle skoallen.
Roel Dijkstra, teamlieder Liudger Burgum
Op basis fan berjochten fan it KNMI is op bestjoerlik nivo in beslút naam, seit Dijkstra. Oftewol: foar de skoallen fan Liudger waard ien line lutsen. "Dat is beslútfeardiger en skeelt in soad tiid."
"It soe dêrom gjin gek idee wêze om op 'e aginda te setten dat in beslút foar alle skoallen jildt yn 'e provinsje. Generale protokollen dus."
CSG Liudger VMBO yn Drachten
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Fan hektyk wie ferline wike lykwols gjin sprake, seit er. "We binne hiel tefreden mei hoe't it ferrûn is. Fansels, efternei tinkst wolris: 'Hiene wy dit in oere earder kommunisearje kinnen?'. Mar dat is mei kennis dy'tst earder net hiest."
Hy fynt dat we boppe-al net ferjitte moatte dat it ek in moaie tiid is. "Prachtich dochs, ast nei bûten sjochst?"

Ferwûnderje oer natuer

En dêr slút Sjouke Visser him by oan. "De bern ha hartstikke folle wille hân. Se wiene hjir snieballen oan it smiten, sniepoppen oan it meitsjen en glieden oer it iis", seit er.
"De ôfrûne wike wie prachtich. It docht de learlingen ferwûnderjen oer de winterske natuer en hoe't je dêrmei omgean. En dat is goed foar harren ûntwikkeling."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.