Aksje om fan woartels ôf te kommen groeit út ta boeremerk: "Wurdt in hiele belibbing"
It begûn as in plan om fan 300 ton woartels ôf te kommen, mar it giet no fierder as dat. Nije wike organisearret Boer Bram tegearre mei oare itensmakkers in boeremerk yn Minnertsgea.
Leafst 300 ton woartels leit der klear yn de loads fan kweker Bram Joostema út Minnertsgea. Krekt nei't er syn woartels ynsiedde hie, keas de supermerk dêr't er oan leveret ynienen foar wat oars.
Sadwaande bleau Joostema sitten mei syn woartels. In part dêrfan giet nei de Voedselbank en in part giet nei Oekraïne.
En de rest wurdt streekrjocht ferkocht, sûnder supermerk dertusken. Dat is yn gearwurking mei No Waste Army, in inisjatyf om it fergriemen fan iten foar te kommen.
It oantal bestellings groeit yntusken fluch troch. "We ha it waar mei, it is hutspotwaar", fertelt Joostema.
Troch alle oandacht liket er al hiel wat woartels kwyt te wêzen. "Ik sit der gjin tel mear oer yn dat we se net kwyt reitsje."
Yntusken groeie de plannen fan Joostema troch. Op de opheldagen, nije wike freed en sneon, is aanst folle mear te heljen.
Opbringst nei de Hersenstichting
Sa hat Joostema sels ierappels en sipels yn 'e ferkeap. De helte fan de opbringst giet nei de Hersenstichting.
Mear griente en fruit komt fan Bruinsma Bio, even fierderop. Molketaap Noordzigt út Sint Jabik ferkeapet harren tsiis en ferskate bedriuwen biede fleis oan.
"Der komme sa'n 15 standhâlders", fertelt Joostema. "Alles út 'e regio is hjir te keap."
"Lokaal iten, gelyk fan de boer. Minsken komme net foar allinnich woartels, mar foar alle boadskippen. Sa't dat earder op de merk ek gong."
Joostema kriget stipe fan in oare bekende boer, Bartele Holtrop, better bekend as Boer Bart. Hy kaam ferline moanne yn it nijs om't er fan de gemeente De Fryske Marren ophâlde moast mei bepaalde nevenaktiviteiten njonken syn agraryske wurk.
Boer Bart hat woartels besteld by Joostema en hy komt te helpen by it ferkeapjen nije wike.
De boerenmerk fan Joostema is nije wike freed en sneon, fan 13.00 oant 17.00 oere.