IIsklups hoopje op noch ien nacht mei flinke froast, Toppenhuzen koe al iepen
It wurdt in spannende nacht foar iisklups, want yn ferskate doarpen hoopje se snein dochs de iisbaan iepenje te kinnen.
Yn Toppenhuzen hawwe se gelok: dêr koe iisklup Rept U sneontemiddei al grien ljocht jaan. It wie al drok op de iisbaan fan Top en Twel.
Oare ferieningen hawwe oanjûn dat it hjoed noch net kin.
Dat jildt bygelyks foar Snits, Wikel en Follegea.
Giet der by dy yn de omjouwing in iisbaan iepen? Lit it ús witte! Stjoer in e-mail nei redaksje@omropfryslan.nl.
Beetstersweach hâldt de baan sneon noch efkes ticht, mar seit wol ta de iisbaan snein om 09.30 oere te iepenjen.
Doarpen yn spanning
Der is noch in oantal iisklups mei goede hoop.
Yn Burgum hawwe se noch in pear sintimeter te gean, skriuwt de iisklup. "Het vele werk en de inzet van gisteren heeft geloond."
Snein om 08.30 oere mjitte se yn Akkrum de tsjokte fan it iis.
"We hebben goede hoop dat de baan een dagje open kan. De baan is wel hier en daar wat hobbelig door de sneeuw, maar dat is niet anders", skriuwt iisklup Foarút.
By De Eendracht yn Munnikebuorren leit de iisbaan der geunstich by. Sneon is it iis noch krekt net sterk genôch, mar snein mjitte se op 'e nij.
Sa'n selde ferhaal jildt foar De Lemmer. Dêr hoopje se op flink wat froast. "We hopen dan ook dat het morgen vertrouwd is om te schaatsen." Dat mjitte se dêr om 10.00 oere.
Lêst fan de snie
Guon iisklups jouwe oan te folle lêst te hawwen fan de snie. Dat jildt bygelyks foar Boalsert, Blauhús en Aldtsjerk. "Mooie plaatjes, maar slecht ijs", skriuwt dy lêste iisklup.
Yn Boalsert lei in dikke laach snie op de baan. Soene se der wetter oerhinne litte, dan ûntstiet der 'boomiis', in rûge en swakke iislaach.
It wie net mooglik sneon alle snie fuort te krijen. "Ons bestuur doet er alles aan. We begrijpen de teleurstelling."
IIsklup Great Foarút fan Wynjewâld lit witte dat de hurdens fan it iis sterk te winskjen oerlit:
"Door de grote hoeveelheid sneeuw die de afgelopen dagen is gevallen zit er geen kracht in het ijs en blijkt de sneeuw voor ons de grote spelbreker. Helaas moeten we dan ook de conclusie trekken, de ijsbaan blijft gesloten."
By De Trije Doarpen (Bitgummole, Bitgum en Ingelum) spant it der noch om.
"Mocht de baan iepen gean, dan sil it iis nei ferwachting net geweldich wêze."