Omrop Fryslân

Utfanhûs yn it sikehûs troch snie: "Se moatte wol har eigen bêd opmeitsje"

Sikehûs Nij Smellinghe hat ek te krijen mei de snie
© Omrop Fryslân
Waar of gjin waar, de soarch giet altyd troch. Mar troch alle snie en glêdens is it foar guon minsken dreech om op harren wurk te kommen. Dêr ha se yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten wat op betocht: meiwurkers kinne dêr dizze dagen útfanhûs.
Sûnt moandei is der plak foar 34 minsken. Dy kinne de nacht trochbringe yn... jawol: in sikehûsbed.

In bakje tee en in moarnsbrochje

"We sjogge dat in oantal meiwurkers it lestich fynt om mei it it winterske waar dizze kant op te kommen, mar kinne net sûnder alle minsken dy't hjir wurkje. We wolle hiel graach dat de pasjintesoarch wol trochgiet", fertelt Liesbeth Postma.
Se is teammanager fan de ôfdieling deiferpleging. Dy ôfdieling giet jûns ticht foar pasjinten, dus kin no moai brûkt wurde foar it personiel. "We sjogge echt wol dat der gebrûk fan makke wurdt en dat minsken it hiel noflik fine."
Yntusken sille der tongersdeitejûn minstens 28 meiwurkers sliepen bliuwe. It sikehûs ferwachtet dat dat oantal noch wol wat oprint troch it minne waar dat foarsein is.
It giet om meiwurkers fan allegear ferskate ôfdielingen. Fan ferpleging oant skjinmakkers en stazjêres. Ek minsken dy't by âldereinsoarchorganisaasje ZuidoostZorg wurkje binne wolkom. Meiwurkers fan Nij Smellinghe dy't kommende nacht nachttsjinst ha kinne op harren plak dan wer nei de tsjinst by ZuidoostZorg telâne.
Se moatte wol har eigen bêd opmeitsje.
Liesbeth Postma, Nij Smellinghe
De útfanhuzers moatte om 7 oere moarns wer út de keamers, sadat guon wer brûkt wurde kinne foar pasjinten. "We meitsje se dan wekker mei in bakje tee en in moarnsbrochje", seit Postma. "Mar se moatte wol har eigen bêd opmeitsje." Der binne ek dûsen beskikber.

Ofspraken fersette

De ôfrûne dagen hawwe drok west foar it sikehûs, benammen op de spoedeaskjende help. "Der is mear oanrin, mei botbreuken en dat soarte dingen, mar ek de gewoane soarch giet gewoan troch." Dat is neffens Postma allegear goed ferrûn.
Liesbeth Postma is teamlieder deiferpleging Nij Smellinghe
© Omrop Fryslân
Neist meiwurkers wolle se ek dat pasjinten feilich teplak komme kinne. Se binne berikber foar fragen en minsken meie as se dat wolle en as it mooglik is harren ôfspraak fersette of telefoanysk dwaan. "We sjogge benammen op de polyklinyk dat minsken de ôfspraak fersette. By minsken dy't in operaasje ha of hjir langer bliuwe moatte is dat minder."
Oft it sikehûs kommende dagen mear maatregels treffe sil, is ôfhinklik fan wat it waar docht. Dat wurdt goed yn de gaten hâlden.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.