Omrop Fryslân

Hillebrant wist: echte leafde besegelje je mei in knottekistje

Hillebrant mei syn frou Barbara Gardeniers
© Omrop Fryslân
Hillebrant Idsinga fan Terherne frege syn frou Barbara Gardeniers tsien jier lyn op in hiel bysûndere wize om te trouwen: mei in knottekistje. Dêrmei makke er in hiel âlde - ûnderwilens útstoarne - Fryske tradysje wer yn libben.
Yn 'e sechstjinde iuw bea in jonge it famke fan syn dreamen in pear jildstikken oan, ferpakt yn in 'knottedoek', in doek mei in losse knoop.
Wannear't it famke de knoop oanluts, dan wie har antwurd posityf en de ferloving in feit.
Doe't de wolfeart tanaam, makke de knottedoek plak foar in sulveren doaske: 'it knottekistje'.
It knottekistje dat Hillebrant meitsje liet om Barbara in oansyk te dwaan
© Maarten Dikken
Hillebrant hearde dit ferhaal doe't er as jonkje mei skoalle in besite brocht oan it Fries Museum.
Hy hat it altyd ûntholden en wie fêst fan doel om syn takomstige frou op dy wize te freegjen.

In nije podcastrige: It Knottekistje

Fries Museum op Paad, Leen een Fries en Omrop Fryslân presintearje de nije podcastsearje 'it Knottekistje', in seisdielige rige wêryn't Friezen iepenhertich fertelle oer bysûndere leafdes en relaasjes. Alle wiken stiet ien persoanlik ferhaal sintraal.
Yn de earste ôflevering fertelle Hillebrant Idsinga en Barbara Gardeniers fan Terherne oer it bysûndere houliksoansyk fan Hillebrant en wurdt dúdlik hoe't dizze podcast oer de leafde oan syn namme komt.
Omrop Fryslân makket dizze podcast yn oparbeidzjen mei Fries Museum op Paad - want yn de museumbus is ek in knottekistje te bewûnderjen - en Leen een Fries, in inisjatyf fan FERS en de Fryske Biblioteken.
Op in stapjûn yn Amsterdam kaam er har tsjin: de frou fan syn dreamen, Barbara Gardeniers.
Se krigen in relaasje en hy wist al gau seker dat er mei har âld wurde woe.
Er waren twee problemen: Barbara is niet Fries, weet dus niet wat een knottekistje is en waar vind ik een knottekistje?
Hillebrant Idsinga oer syn houliksoansyk
Syn âlde plan om har in oansyk te dwaan mei in knottekistje kaam wer fan souder.
Dat wie lykwols net sa makkelik: "Er waren twee problemen: Barbara is niet Fries, weet dus niet wat een knottekistje is, en waar vind ik een knottekistje?"
Hillebrant Idsinga en Barbara Gardeniers by harren hûs yn Terherne
© Maarten Dikken
Foar dat lêste probleem fûn er in oplossing: in sulversmid yn Ljouwert wie ree om in knottekistje te meitsjen.

In dokumintêre

Om Barbara kennis meitsje te litten mei de tradysje fan it knottekistje hat er alles filme. De wurksumheden by de sulversmid, it freegjen fan har hân oan har âlden en it praten mei saakkundigen.
Dan lag Hillebrant op bed met z'n laptop op schoot te monteren terwijl ik dacht dat die arme jongen nog steeds hard aan het werk was.
Barbara Gardeniers oer it geheime plan fan har man
Dat moast allegear yn it djipste geheim barre want it moast in grutte ferrassing wurde foar Barbara. Dat slagge: "Soms lagen we naast elkaar in bed, Hillebrant met z'n laptop op schoot te monteren, terwijl ik dacht dat die arme jongen nog steeds hard aan het werk was."

In ferrassende film

Foardat se op fakânsje soene stelde Hillebrant Barbara foar om nei de bioskoop te gean. Barbara hie neat yn 'e gaten en tegearre sieten se yn de seal dy't Hillebrant spesjaal ôfhierd hie. Doe waard de dokumintêre dy't er makke hie fertoand.
Oardel oere lang siet Barbara fol konsintraasje nei it doek te sjen. Se wie ferstuivere.

Harkje nei it bysûndere houliksoansyk fan Hillebrant Idsinga

De podcast it Knottekistje ferskynt alle sneinen op Spotify en iTunes. Boppedat is in ynkoarte fersy fan it ferhaal te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries, sneins om 11:00 oere.
Dêrnei gie Hillebrant op 'e knibbels op it poadium fan de filmseal, lange it knottekistje oer en frege har oft se mei him trouwe woe.
It antwurd fan Barbara lit him riede.
Se binne no tsien jier troud.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.