Soad skea yn loads Tsjummearum nei grutte brân
In loads by in buorkerij yn Tsjummearum hat in soad skea oprûn nei in grutte brân. De flammen sloegen op in bepaald stuit út it gebou.
Om ûngefear 13.30 hie de brânwacht de situaasje oan de Hoarnestreek ûnder kontrôle, fertelt in wurdfierder.
De brânwacht hat grut ynset, mei ploegen út ûnder oare Frjentsjer, Sint Anne en Menaam. Dy ha foarkomme kind dat de brân oerslein is nei it wenhûs en de pleats sels.
De loads lei fol mei hea. De brânwacht sil noch oeren dwaande wêze om de brân hielendal út te krijen, mar de brân wurdt yn alle gefallen net mear grutter.