Omrop Fryslân

It Fryslân dat ferdwûn: dizze histoaryske bouwurken rekken we kwyt

In greep út de bouwurken dy't Fryslân yn de rin fan de jierren ferlear
© Omrop Fryslân
Yn Fryslân stean noch in soad gebouwen mei histoarje, mar net alles bleau bewarre. Ferskate ikoanyske bouwurken ferdwûnen troch de slopershammer, fertutearzing of brân.
Earlik is earlik, it docht in bytsje sear om te sjen.
Dochs sette wy in oantal ferneamde bouwurken op in rychje dat yn de rin fan de jierren út it strjitbyld ferdwûn.
In folslein oersjoch is dit fansels net. Mar wol in greep bysûndere bouwurken:

Wettertoer fan It Hearrenfean

De wettertoer fan It Hearrenfean yn folle gloarje
© Stichting Historie Heerenveen
Op It Hearrenfean is in soad sloopt. Te folle, sizze guon. It âlde gemeentehûs en kantongerjocht - hjir links op de foto - bestiet aldergeloks noch wol, dat is hjoed-de-dei restaurant 't Gerecht.
Mar syn buorman, de wettertoer fan It Hearrenfean, waard wol slachtoffer fan de sloopkûgel. Yn 1915 waard de toer foar 20.000 gûne boud, 42 meter heech en mei romte foar 150 kúb wetter.
Yn 1974 kocht de gemeente de toer. Hearrenfean wraksele der jierren mei: restauraasje of dochs sloop? Yn 1980 foel it beslút, en dêrmei ek de toer. In aksjekomitee koe de sloop net mear keare.

Aytta-Godshûs yn Swichum

It Aytta-Godshûs, deunby de tsjerke fan Swichum
© Kolleksje Tresoar
It gebou op de foto - it Aytta-Godshûs - wie in soarte fan earmhûs. It droech de namme fan Viglius van Aytta, in tige ferneamde steatsman en rjochtsgelearde. Viglius waard yn 1507 yn Swichum berne mei de Fryske namme Wigle.
Ut tankberens foar syn omke út Swichum, dy't him studearje liet, besleat Viglius yn 1572 in gasthûs te stichtsjen yn it doarp. Dêr mochten sân âlde earmelju fergees wenje, yn ruil foar in tal tsjerklike ferplichtingen.
Yn de foarige iuw rekke it jild fan it gasthûs lykwols op. It Aytta-Godshûs ferkrotte. Yn 1912 waard it - ivich skande - ôfbrutsen. De ûnderlizzende terpierde waard djoer ferkocht.

Stasjon Pepergea

It stasjon fan Pepergea mei in hiel soad stuollen
© Eigen foto
Yn it ferline hawwe der hiel wat stasjons west dy't yntusken ferdwûn binne. Ien dêrfan is dy fan Pepergea, dat tusken de hjoeddeiske stasjons fan Wolvegea en Steenwijk lei. It waard iepene yn 1868.
Neist dat der minsken op de trein stapten, hie it stasjon ek in wichtige funksje foar de eksport fan rotan út Noardwâlde. Tal fan flochten stuollen waarden yn Pepergea op transport set.
Yn 1938 folge sluting fan it lytse stasjon, al hat it om it begjin fan de oarloch hinne noch efkes yn funksje west. It stasjonsgebou ferdwûn yn 1970.

Nije Toer fan Ljouwert

De Nije of Sint Jacobstoer
© Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed, OF-06320
Gjin libbene siel hat 'm mear yn it ûnthâld: de Nije- of Sint Jacobstoer fan Ljouwert. De toer kaam om 1540 hinne op it terrein fan it eardere Sint Jacobsgasthûs te stean.
De bou hie Ljouwert te tankjen oan it fersakjen fan de Aldehou, de ferneamde 'skeve toren'. Ljouwert woe dochs graach in hege toer en om't de Aldehou sa bryk stie, besleat de stêd om de Nije Toer te bouwen.
Ljouwert hie mei dizze toer lykwols gjin gelok: ek dizze toer fersakke. Yn 1832 hong er al mear as tsien persint út it lead. De toer wie yn in minne steat en troch in stoarm yn 1883 rekke er noch mear skansearre. In jier letter folge sloop.

Sigerswâldster tsjerke

De tsjerke fan Sigerswâld yn 1908, it jier foar de sloop
© Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed, 16.734
De herfoarme tsjerke fan Sigerswâld stie der suterich by doe't er yn 1908 op de foto set waard. It gebou wie yn sa'n minne steat dat de minsken amers en pannen te min hiene om it lekkende wetter op te fangen.
Dochs hie it Godshûs al in ryk ferline. Neffens guon ferhalen soe de tsjerke al út de earste helte fan de 13e iuw stamme. Mar sân iuwen letter wie der net folle mear fan oer.
It wie in "onaanzienlijk gebouw", waard al yn de 19e iuw opskreaun. Jild foar in opknapbeurt wie der net. Dêrom waard de tsjerke yn 1909 ôfbrutsen.

De alluere fan Huize Rijs

In âlde printkaart mei dêrop Huize Rijs
© M. Overdiep, kolleksje Tresoar
Wa't no by de Rysterbosk kuieret, fynt allinne noch in keunstwurk dat ferwiist nei Huize Rijs. Fan de grandeur fan eartiids is neat mear oer.
It bûten waard yn de 18e iuw oanlein. De Hollanner Hiob de Wildt kocht yn 1676 grûn by Riis, dêr't er in tún, bosk en hûs bouwe liet. It wie kreas oanlein, "zodat deeze Lustplaats de uitgebreidste en vermaaklijkste van Friesland mag genoemd worden."
Letter wenne op dit plak de grytmansfamylje Van Swinderen, dy't hiel wichtich foar Gaasterlân west hat.
Yn 1847 waard it âlde bûten ferfongen, mar ek dit hûs soe úteinlik ferdwine. Nei it ferstjerren fan de lêste bewenster, jonkfrou Johanna Constantia Jacoba van Swinderen, waard Huize Rijs ferkocht en yn 1937 sloopt.

Spitketen fan Lombok

Spitketen yn Lombok, by Noardwâlde
© Inspectie Volkshuisvesting, kolleksje Tresoar
Fan net alle bouwurken is it spitich dat se oait ferdwûn binne. Sa hawwe der yn Fryslân hûnderten spitkeetsjes stien, dêr't de alderearmsten wennen. Op dizze foto sjogge wy Lombok, de buorskip dat we no kenne as Noardwâlde-Súd.
De namme komt fan it Yndonezyske eilân Lombok, dêr't it Nederlânske koloniale leger in gewelddadige striid fierde. It bestean op de earme grûnen by Noardwâlde wie hurd en dreech, lykas op Lombok. Fandêr de namme.
Dizze heideklinten waarden oan it begjin fan de foarige iuw ûnbewenber ferklearre.

Huis ter Heide by Sint Nyk

Loazjemint-stalling 't Huis ter Heide
© Eigen foto
Yn it begjin fan de 19e iuw waard oan de râne fan de Vegelinsbosken by Sint Nyk in herberch boud. Dy lei net fier fan De Heide, in buorskip noardeastlik fan Sint Nyk. Sadwaande kaam de herberch 'Huis ter Heide' te hjitten.
It loazjemint bestiet net mear, yn 1956 waard it sloopt. Dochs libbet de herberch noch in bytsje fuort, want de huzen om it krúspunt hinne foarmje noch altyd de buorskip Hústerheide.

De belvedêre op De Jouwer

De bulte is der noch, mar dizze bouwurken binne al lang wei
© Kolleksje Tresoar
Boppe-op de bulte yn park Heremastate op De Jouwer hat lang lyn in tuorke stien. Dat is noch te sjen op dizze âlde foto, achter in ek al lang ferdwûne dowetille. Der stiene mear bysûndere bouwurken, sa hie it park ek lang in Sineesk brechje.
De berch waard yn de 18e iuw oanlein troch de grytmansfamylje Vegelin van Claerbergen. In rymke sei oait: "Joure is een vleck, de grietman is een gek: hij laat hoge bergen maken, en nog kan hij de hemel niet raken."
Yn 1909 waard opdracht jûn om "de bekende belvedère op het buitengoed Heremastate" ôf te brekken. "Menig toerist bezocht dezen uitzichttoren, om de prachtige vergezichten, die bij aanbood."

Filla fan de freule yn Wommels

It romrofte Sminiastate yn Wommels
© S. Bakker Jz., kolleksje Tresoar
Doe't mr. Wiardus Willem Hopperus Buma yn 1898 boargemaster fan Hinnaarderadiel waard, liet hy yn Wommels in moderne filla yn Ingelske styl bouwe. Dat kaam op it plak fan in âldere state te stean: Sminiastate.
In nicht fan de boargemaster hold har geregeld ta op de filla: freule Clara Jacoba baronesse De Vos van Steenwijk. Freule Clara hie belangstelling foar it keatsen en liet yn 1903 foar it earst in jongespartij organisearje. Dy kenne we noch altyd: De Freulepartij.
Buma koe lykwols net aardzje yn Fryslân. Yn 1905 naam de boargemaster ûntslach, hy liet de filla ôfbrekke. Yn 30 skipsladingen ferhuze de filla oer de Sudersee nei Haarlem ta, dêr't er stien foar stien wer opboud waard. Uteinlik baarnde de filla yn 1969 ôf.

Kafee-biljert yn Aldehaske

In keunstich kafee yn Aldehaske
© Eigen foto
Midden yn Aldehaske hat in bysûnder hûs mei in feranda stien, dat om 1912 hinne op de foto set waard. It wie de herberch fan kastlein Bernardus Klijnsma.
Klijnsma betelle alle jierren ien gûne oan Haskerlân, om't de feranda offisjeel op grûn fan de gemeente stie. Op de earste ferdjipping wie in grutte romte dy't ek letter noch 'de seal' neamd waard.
De kastlein ferkocht it kafee yn 1915 foar 2.800 gûne. Fan 1920 ôf siet der in manufaktuerewinkel, letter wie der in saak yn wenningynrjochting en tekstyl. Mar it bysûndere gebou heart no ta it ferline.

It Lemster havenljocht

It âlde havenfjoer by de slûs fan De Lemmer
© W. de Haan
Fan it âlde havenljocht binne net in soad foto's te finen, mar op in pear âlde doarpsgesichten is it noch te sjen. Fan 1812 ôf stienen op de westlike havendaam twa houten havenljochten. In lytse lantearne op it havenhaad en in grutte lantearne op in hege peal.
Skippers koene mei help fan dizze ljochten feilich de haven yn farre. Yn 1886 folge in fernijing fan de haven. De âlde havenhaden ferdwûnen, mar de houten peal foar it ljocht bleau noch efkes.
Op de foto is it noch te sjen, neist de nije skutslûs. Lang hat it havenljocht der net mear stien, want mei it tichtsmiten fan de âlde haven wie it oerstallich. Boppedat liet De Lemmer nei 1888 in nije fjoertoer bouwe.

De Hege Brêge yn Drachten

De Hege Brêge by âlds, yn in ûnwerkenber Drachten
© Eigen foto
Drachten hat in beruchte namme wat it slopen oanbelanget. In grut part fan it âlde, skildereftige doarpskarakter is ferdwûn.
Tusken de Schwartzenberghleane en De Knobben lei yn it ferline de Hege Brêge, oer de Noarderdwersfeart hinne. It wie mar in simpele, houten brêge. Mar dochs tinke Drachtsters der noch mei weemoed oan werom.
Yn 1933 kaam der in bredere en legere brêge foar yn it plak. Mar ek dy moast op in gegeven stuit plak meitsje. Om 1960 hinne kaam der in daam nei De Knobben. En yn 1967 wiene sawol de Noarder- as de Suderdwersfeart tichtsmiten.

Gordykster synagoge

De synagoge fan De Gordyk
© Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed, 40.701
Fan de 18e iuw ôf kende De Gordyk in bloeiende Joadske mienskip. Om 1830 hinne wennen der sa'n 130 Joaden op De Gordyk. Sy wiene aktyf as keaplju, slachters en ambachtslju. Yn 1807 bouden sy oan de Langewal in ienfâldige synagoge.
Letter folge lykwols delgong. Yn 1937 wie der foar it lêst in tsjinst yn de synagoge. In soad Joadske húshâldens ferhuzen en it grutste part fan de Joaden dy't bleaune, waard yn de oarloch deportearre en fermoarde.
De synagoge oerlibbe de oarloch, mar waard yn 1953 fanwegen de boufallige steat ôfbrutsen.

De âlde finzenis yn Ljouwert

It âlde Blokhús yn Ljouwert, tusken 1867 en 1870
© J.F. Lomans, kolleksje Historisch Centrum Leeuwarden
Hoewol't de hjoeddeiske Blokhúspoarte ek al aardich op leeftiid is, hat dit plak in skiednis dy't noch folle fierder weromgiet.
Mei de bou fan it earste Blokhús waard al op 22 febrewaris 1499 begûn. It kompleks feroare yn de rin fan de jierren tal fan kearen. Yn 1580 waard it foar it earst echt ynrjochte as hûs fan arrest, mei in skavot en in galge.
Op dizze foto sjogge we it âlde Blokhús, net lang foar de sloop. Dizze finzenis makke yn septimber 1870 plak foar de hjoeddeiske Blokhúspoarte.

Adelstsjerke fan Ald Beets

De Adelstsjerke yn 1979, al sûnder spits op de toer
© Provinsje Fryslân, kolleksje Tresoar
In tsjerke dy't ferdwûn is, yn in doarp dat ferdwûn is. Op de foto sjogge we de Adelstsjerke fan it doetiidske doarp Ald Beets, boud yn 1889 as ferfanger fan in 16e-iuwske tsjerke.
Yn de 20e iuw fertutearze it Godshûs. De tsjerke waard nei 1958 net mear brûkt en de spits op de toer waard yn 1967 slachtoffer fan wjerljocht. Sloop folge yn 1984. It tsjerkhôf krige letter in klokkestoel.

Molkfabryk fan Aldeboarn

Oait hiene tal fan Fryske doarpen in suvelfabryk
© Eigen foto
Yn in soad Fryske doarpen wie de skoarstien fan it molkfabryk byldbepalend. Fryslân hat wol mear as hûndert suvelfabriken hân. Guon seagen der ymposant út, lykas de koöperative stoomsuvelfabryk yn Aldeboarn.
It fabryk waard yn 1899 oprjochte troch in oantal boeren. Fabryk en pakhûs stiene oan it wetter en der waard bûter, tsiis en molkpoeier produsearre.
Mar krekt as in soad oare fabriken, waard ek dizze slachtoffer fan de skaalfergrutting yn de yndustry. Yn 1978 foel it doek en letter waard it pân sloopt. Yn 2009 kaam der in senioarekompleks op it plak te stean, dat wol de namme 'It Molkfabryk' krigen hat.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.