Omrop Fryslân

Sakeman en ferneamde Akkrumer Frank Cooper krijt syn eigen stânbyld

Coopersburg yn Akkrum, yn 1900 boud op inisjatyf fan Frank Cooper (Folkert Harmens Kuipers, 1843-1904)
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
It ikoanyske gebou Coopersburg yn Akkrum bestiet dit jier 125 jier. En dêr wol de stifting Akkrum Ald en Nij graach by stilstean.
De dream is om in nij stânbyld fan de oprjochter te realisearjen yn de tún foar it pân.
De iepening fan Coopersburg wie yn 1901 in grut feest yn Akkrum.
Elkenien krige fan de baas en de skoalmaster in dei frij, der waarden spultsjes dien, en foar de riken wie der in grut diner.
De wenfoarsjenning foar âlderen wie in inisjatyf fan sakeman en doarpsgenoat Folkert Harmens Kuipers, better bekend as Frank Cooper.
Cooper hie yn de twadde helte fan de 19e iuw in soad jild fertsjinne yn Amearika, mar ferlear nea syn bertedoarp út it each.
Frank Cooper en famylje by de iepening fan Coopersburg yn 1901
© Omrop Fryslân
Hy fernuvere him deroer dat earme âlderen sa'n bytsje oan har lot oerlitten waarden, en dus betocht er in wenfoarm foar dizze doelgroep. De earste bewenners waarden per twatal ûnderbrocht yn de apparteminten.
Dit waard yndield troch de reginten, en dus koe it samar ris dat je by immen yn 'e hûs kamen dy't je eins net lei.
It mausoleum yn Akkrum foar de restauraasje
© Flickr.com (Truus, Bob & Jan Too!)
Dochs woene minsken graach yn Coopersburg wenje, want se hoegden gjin hier te beteljen en krigen fan Cooper ek nochris jild ta.

Búste fan Frank

No 125 jier nei de iepening stiet Coopersburg der noch hieltyd sa by as doe. Mei de oprjochter yn it mausoleum efter it haadgebou.
De stifting Akkrum Ald en Nij wol dit jier ekstra stilstean by harren ferneamde doarpsgenoat.
Ien fan de plannen is om in búste fan oprjochter Frank Cooper yn de tún foar it gebou te realisearjen.
"Dat soe troch in keunstner makke wurde moatte en dan yn it brûns bygelyks", seit Bart Dikkerboom fan de stifting.
Sakeman en ferneamde Akkrumer Frank Cooper krijt eigen stânbyld
Dêrnjonken wol de organisaasje in tentoanstelling op poaten sette mei foto's en ferhalen fan de bewenners en âld-bewenners fan Coopersburg.

Syktocht nei ferhalen

Dêr komt lykwols noch wol in lytse syktocht by sjen, want oant de jierren '80 is alles sekuer byhâlden, mar fan dêrnei binne gjin gegevens beskikber.
De oprop is dus ek oan dizze âld-bewenners om har te melden. Mar ek famylje fan âld bewenners kinne kontakt opnimme mei de stifting: "Minsken dy't eventueel ferhalen hawwe fan bewenners fan foar 1980 binne ek wolkom", sa seit Dikkerboom.
Bestjoerslid Anne Dijkstra mei ûnder oare it gasteboek út 1901
© Omrop Fryslân
"Ludike ferhalen fan pake of beppe." Bygelyks oer de húsgenoaten dêr't se sûnder oerlis byset waarden.

Troufoto's

Coopersburg wurdt tsjintwurdich net mear as wenfoarm foar earme âlderen brûkt mar as gewoane hierwenten. En it tsjinnet gauris as eftergrûn by fotoreportaazjes.
"Ek dy foto's soene wy graach brûke wolle yn ús tentoanstelling. Troufoto's dan spesifyk."
Minsken dy't mear witte wolle, of foto's of ferhalen hawwe oer Coopersburg kinne kontakt opnimme mei de stifting. Dat kinne se dwaan fia: stiftingakkrumaldennij@gmail.com.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.