3.000 telefoantsjes op in dei: minsken wachtsje oant it lêste momint om te wikseljen fan soarchfersekering
De telefoan stiet dizze dagen readgleon by it callcenter fan soarchfersekerder De Friesland. Fan de njoggende ferdjipping fan de Achmeatoer yn Ljouwert ôf binne tsientallen meiwurkers yn it spier om de lêste fragen te beäntwurdzjen oer de soarchfersekering fan takom jier.
Minsken hawwe noch oant en mei âldjiersdei de tiid om te wikseljen fan soarchfersekering. By De Friesland fernimme se dat minsken dêrfoar echt oant de lêste dagen wachtsje.
"Dit binne absolute topdagen. Tusken de krystdagen en âld en nij sjogge we dat it telefoanoanbod trije kear sa heech is as normaal. Moandei ha we 3.000 calls hân", fertelt Hinke Bijma, liedingjaande fan de ôfdieling klantkontakt.
Dizze dagen binne se yn it callcenter mei ûngefear tachtich meiwurkers oan it wurk. Sy wurde platbelle mei fragen oer de poalis.
"It giet faak oer oft alles noch goed stiet, wat der eventueel nedich is kwa fergoedingen en oft minsken goed fersekere binne foar it oankommende jier", fertelt Bijma.
Deze laatste paar dagen van het jaar zijn het vooral mensen die gestrest bellen of ze nog iets aan kunnen passen en of ze niet al heel lang veel te veel betalen.
Renzo van Beek is ien fan de callcentermeiwurkers. Yn seis oeren tiid krige hy al 45 telefoantsjes.
"'s Ochtends is het nog wel enigszins te behappen, maar de wachtrij kan 's middags flink oplopen", fertelt er.
"Deze laatste paar dagen van het jaar zijn het vooral mensen die gestrest bellen of ze nog iets aan kunnen passen en of ze niet al heel lang veel te veel betalen."
Neffens ferlikingsside Zorgwijzer wikselen dit jier oant no ta goed in kwart minder minsken fan soarchfersekering. Dit hat benammen te krijen mei it feit dat de soarchpreemjes takom jier sa goed as itselde bliuwe.
Ek by De Friesland fernimme se dat. "It is wat rêstiger as oare jierren", stelt Bijma. "Dat sit him benammen yn it feit dat de preemjes fan de oanfoljende fersekeringen hiel tichteby inoar lizze."
Foar minsken dy't noch twivelje oft se wikselje moatte, is it neffens Bijma wichtich om te sjen nei de kontrakten, mei hokker sikehuzen wurkje soarchfersekerders gear? Ek is it ferstannich om nei te gean hokker soarch oft immen nedich tinkt te hawwen en op basis dêrfan in pakket gear te stallen.
Soad kennis nedich
En dat kin dus noch oant en mei woansdei. Oant dy tiid sil it op de callcenters drok wêze mei allerhande fragen.
It betsjut dat de meiwurkers goed oplaat wêze moatte. "Wy ha bewust gjin kiesmenu, dus wy liede al ús meiwurkers allround op", seit Bijma, "Dat betsjut dat se alles fan a oant z leare moatte wat ûnder de soarchfersekering falt."
Foar Van Beek en syn kollega's binne it útdaagjende tiden.
"Het is druk. Als we een gesprek hebben afgerond gaan we gelijk door naar de volgende. Maar dat creëert wel een gezellige sfeer op kantoor. Met zijn allen gaan we er nog even voor. De laatste paar dagen van het jaar nog even knallen, dat is heel gezellig. Ik kijk er altijd naar uit.