Omrop Fryslân

N31 by Harns ticht: grutte iisplaat troch lekkaazje akwadukt

It ferkear mei der freed net mear del
© NoorderNieuws
In grut probleem op de N31 by Harns: de muorren fan it akwadukt lekke en dêrtroch is de dyk yn ien grutte iisplaat feroare.
Om ûngelokken foar te kommen, hat Rykstwettersteat de N31 (Waadseewei) ôfsletten. It giet om de rjochting fan Ljouwert nei de Ofslútdyk ta.
"Er is water op het wegdek terechtgekomen. We vermoeden dat dit water lekt uit de zijwanden van de tunnelbak", fertelt wurdfierder Jayme Tol fan Rykswettersteat.
"Dat water is over een groot stuk uitgereden en vanwege de lage temperaturen vriest het meteen op. Dus het is één grote ijsplaat geworden."

Update

De N31 bliuwt freed de rest fan de dei ticht op 'e hichte fan Harns. Dat lit Rykswettersteat om 13.15 oere hinne witte yn in update.
De maatregel hat te krijen mei iisfoarming op de dyk. Wa't nei de Ofslútdyk wol, kin it bêste omride oer de A7 fia De Jouwer.
Ut feiligenseachpunt waard dêrom de dyk tichtsmiten. Der leit in tsjokke iislaach oer in flinke ôfstân.
Harns is net it iennige plak yn Nederlân dêr't glêdens ûntstie troch wetter dat troch foegen lekt.
Ek by Hoogeveen, Den Haag en Leiden spylje problemen. Nei alle gedachten hat it te krijen mei krimpende foegen troch de kjeld. Dêrtroch kin grûnwetter troch de tunnelmuorren lekker.
Der lizze ferskate grutte plakken iis op de Waadseewei
© NoorderNieuws
"We zien dat er weinig verkeer is, dat heeft ervoor gezorgd dat er gelukkig nog geen ongelukken gebeurd zijn", seit Tol.

Grut kalamiteitemateriaal

Dat der net riden waard, hie ek as gefolch dat it struien fan de dyk noch gjin effekt hie.
"Want zout moet ingereden worden. Daarom laten we groot calamiteitenmateriaal aanrukken: de Firestorm. Dat is een vrachtwagen die speciaal gebruikt wordt om harde ijslagen van wegen te verwijderen."
It is sjippeglêd by it akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal
© Rijkswaterstaat Noord-Nederland
Rykswettersteat tinkt noch in grut part fan de dei dwaande te wêzen mei de iislaach.
"Die vrachtwagen moet nog komen en daarna gaan we strooien. Met een mix van water en calciumchloride ontstaat een thermische reactie, waardoor ijs smelt. Dat gaan we inzetten om de weg weer ijsvrij te krijgen. Maar we zien dat de temperatuur vanmiddag alweer gaat dalen."

Oarsaak noch net dúdlik

Oer de oarsaak koe Tol freedtemoarn noch net folle sizze. "Het kan grondwater zijn wat omhoog komt, maar het kan ook iets anders zijn. Daar hebben we op dit moment nog geen zicht op."
"Het belangrijkste is nu dat we de weg zo snel mogelijk weer berijdbaar krijgen. Daar zetten we volop op in."
Lekkaazje by it akwadukt
© Rijkswaterstaat Noord-Nederland
Lokaal wurdt it ferkear omlaat: fia Mullum en Kimswert kaam it ferkear wer op de N31.
De organisaasje freget minsken om foarsichtich te riden yn de omkriten fan Harns.
"We snappen dat dit vervelend is, maar veiligheid staat voorop", lit Rykswettersteat witte.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.