Omrop Fryslân

Wol kâld, mar gjin wite kryst. Sit it der ea noch yn?

Winterwrâld yn Warstiens
© Erwin van Gogh
In beam fol ljochtsjes, gesellige krystmuzyk en mei de hiele groep goermetsje, wylst bûten de snie stadich út 'e loft dwarrelet. It is it ideale plaatsje dat we fan de krystdagen ha. Mar dy snie hat him al in skoft net sjen litten ûnder it krystdiner. Krije we ea noch wite krystdagen?
De lêste kear dat der in wite tekken lei mei de krystdagen, wie yn 2010. Dat wie doe de kâldste desimber sûnt 1901. Yn Fryslân foel de measte snie dat jier yn de wike foar de krystdagen, mar bleau net alles lizzen ûnder de dagen sels.
Yn 2009 wie it pas echt raak. Doe lei der sels 20 sintimeter en wiene der in soad problemen op de dyk. Wol begûn it mei de krystdagen wat te teien.
Sa seach dat der doe út:
Yn 2009 en 2010 wiene der wol wite krystdagen
Yn tsjinstelling ta 2009 en 2010 is desimber oant no ta net sa kâld te neamen. It is relatyf sêft en dat is net in útsûndering. Dizze iuw wie sa'n 75 prosint fan alle winters minder kâld as gewoan.

Yn bytsje kjeld

Neffens waarfrou Tjitske Wiebenga sit in wite krysttiid dus ek dit jier net yn: "We krije wol in bytsje kjeld, wat froast yn de nachten, mar dêr is dan ek alles mei sein."
Oantal wite krystdagen sûnt 1901
© Omrop Fryslân
Sûnt de telling yn 1901 ha we lanlik mar 8 wite krysten hân. "De KNMI neamt it in 'witte kerst' as it by it waarstasjon fan De Bilt beide krystdagen lang in snietek leit."

Charles Dickens

Ek al komt it dus hielendal net faak foar, dochs assosjeare we mei ús allen de krystdagen mei snie. Dat idee komt neffens Wiebenga út it begjin fan de 19e iuw.
"Yn dy perioade wie it útsûnderlik kâld. En yn dy tiid waard ek Charles Dickens berne. Dy hat syn hiele jeugd trochbrocht yn de snie, mei wite krysten."
En dat is dus ek werom te sjen yn syn wurk, bygelyks yn de klassiker 'A Christmas Carol'.
In smûke krysttiid, dêr heart fansels snie by.
Tjitske Wiebenga, waarfrou
Ek skilderijen dy't yn dy tiid makke binne en krystkaarten út dy tiid: der stean allegear snieplaatsjes op.
"It komt allegear del op gesellichheid, en mei dyn neisten wêze. In smûke krysttiid, dêr heart fansels snie by."

Wat gelok ha

Mar hoe sit dat dan yn de takomst? Meitsje we ea noch wolris in wite krysttiid mei?
"As ik weromsjoch nei sa'n 40 oant 50 jier ferlyn, dan hiene we sa'n tolve iisdagen, en dat is wat we nedich ha", seit Wiebenga.
Sa'n 'iisdei' betsjut dat it 24 oeren lang ûnder it friespunt (0 graden) bliuwt.
Waarfrou Tjitske Wiebenga
© Omrop Fryslân / Shutterstock
Troch klimaatferoaring is it tal iisdagen, en dêrmei de kâns op in wite krysttiid, wol nei ûnderen gien. De lêste jierren wiene it sa'n sân it jier.
Mar dat se der noch binne, jout Wiebenga hoop op it "ideale" plaatsje fan Charles Dickens.
"En dus is myn antwurd: ja. Ik tink dat we ea noch wol in wite krysttiid ferwachtsje kinne. Want as dy sân iisdagen krekt om of op de krystdagen falle, dan ha we 'gewoan' noch in wite krysttiid. We moatte dus wat gelok ha."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.