Oerterp moat wachtsje: ried hat knoop oer opfang statushâlders noch net trochhakke
Hoe't statushâlders yn Oerterp opfongen wurde sille, is no noch ûndúdlik. De gemeenteried fan Opsterlân hat it beslút oer de opfang útsteld. In part fan de ried is der noch net oer út oft de ideeën fan bewenners fierder ûndersocht wurde moatte en hat mear ynformaasje nedich.
It kolleezje hat senario twa foar eagen: de âlde skoalle De Twirre tydlik ferbouwe ta seis apparteminten foar statushâlders dy't trochstreame en seis wenningen foar oare ynwenners út 'e omjouwing. It doel is om op koarte termyn in trochstreamlokaasje te realisearjen en tagelyk ek ynwenners út it doarp in plak te jaan.
Mar net elkenien is it dêrmei iens. Ynwenners en de partisipaasjegroep sjogge leaver senario trije: it pân slope en dêr permaninte of flekswenten bouwe foar in langere tiid. Dy groep hat it gefoel dat net goed genôch nei harren plannen sjoen is troch it kolleezje.
Net slim
"It is in moaie iepen diskusje west", seit bewenner Sietse Booi oan it ein fan de riedsgearkomste. "We ha in hiel protte ferhalen en riedsleden heard."
De ried wol mear ynformaasje hawwe om te beoardielen oft de helberens fan senario trije fan de partisipaasjegroep noch ûndersocht wurde moat. Om dy reden fine ynwenners en de partisipaasjegroep it net slim dat de knoop noch net trochhakke is.
Neffens Booi lit dit sjen dat alle saken goed meinommen wurde. Ferskate partijen hawwe kwestjes lykas feilichheid nei foarren brocht yn 'e riedsgearkomste.
"Der is draachkracht en der komt ferbettering, net allinnich yn Oerterp, mar ek foar de hiele gemeente Opsterlân. Wy gean mei in goed gefoel nei hûs ta", seit Booi.
Boargemaster Andries Bouwman fynt it útstellen fan it beslút gjin desepsje.
"Dit zijn hele moeilijke besluiten, zeker voor een gemeente", seit er. "Het gaat om grote landelijke complexe problemen en daar moeten wij een deeloplossing voor vinden. En ik snap dat partijen dan ook de tijd nodig hebben om daar op een goede manier besluitvorming over te maken."
Koarte termyn
Neffens de boargemaster hat it kolleezje wol serieus nei scenario trije sjoen is, mar mei dat plan is it net mooglik om rap statushâlders op te fangen. "We kunnen dat wel gaan uitwerken, maar dan weten we eigenlijk al dat we niet op korte termijn een doorstroomlocatie kunnen realiseren, en dat is wel ons doel."
De ried sil no op 26 jannewaris in beslút nimme oer hoe de statushâlders yn Oerterp opfongen wurde sille.