Omrop Fryslân

Nynke (35) ferruilet Snits foar Meksiko-Stêd, dêr't de minsken in stik spontaner binne

Nynke mei har freon Renán
© Nynke Humalda
In moeting yn in Haachske kroech late Nynke Humalda (35) út Snits nei Meksiko-Stêd. Se bedarre yn in wrâld mei "ontzettend open mensen die heel graag over eten praten".
Yn 2020 fertelde Nynke dat se har freon Renán tsjin it liif rûn wie yn in kroech yn Den Haag. Neist studearjen die dizze Meksikaan ek oan 'intercambio': mei immen ôfprate om talen út te wikseljen.
Omdat Nynke ek Spaansk praat, stelde se foar om dit mei him te dwaan. "Onder het mom van elkaar te leren. In eerste instantie..."
Nei ferrin fan tiid begûnen Nynke en Renán te daten. En sa makken Spaansk en Nederlânsk plak foar de taal fan de leafde.

Tegearre nei Kenia

It nijbakken stel seach inoar yn earste ynstânsje yn Nederlân. Oant de Friezinne in jier letter in baan oanbean krige by de Nederlânske ambassade yn Kenia.
Mar se gong net allinnich fuort. "Ik vroeg hem: 'Ga je mee? Want ik vind je heel leuk.' Gelukkig zei hij 'ja'."
En sa stapten de twa yn it fleantúch nei Nairobi.
Yn Snits komt Renán yn 'e kunde mei de Nederlânske keuken
© Nynke Humalda
Mar nei in pear jier misten se famylje en woene se earne wat opbouwe. De kar foel op it thúslân fan Renán.
Meksiko-Stêd om krekt te wêzen. In metropool mei sa'n njoggen miljoen ynwenners. "Ik vond het er meteen leuk. Waardoor? Met name door de mensen. Ze maken gemakkelijk een praatje. Ook met onbekenden."
Spontane praatjes in Nederland sloegen niet echt aan.
Nynke Humalda fernimt dat Meksikanen makliker in praatsje meitsje
"Als je in Nederland een kop koffie bestelt, dan zeg je 'goedemorgen' en dat is het dan vaak wel. In Mexico gaat dat anders. Zo was ik eens 35 minuten verder toen ik om de hoek een koffietje haalde", fertelt Nynke.
It leafdespear
© Nynke Humalda
Meastal begjinne de Meksikanen oer iten. Har favorite ûnderwerp. "Dan vertellen ze bijvoorbeeld hoe je de lekkerste saus maakt voor chilaquiles. Dat is trouwens verrukkelijk. Zou ik echt eens proberen."
Elk healjier socht se famylje en freonen op yn Nederlân. "Dan probeerde ik die spontane praatjes ook wel eens bij mensen. Maar dat sloeg niet echt aan, haha."

Freondinne bliek famylje

Nei ferrin fan tiid hie de Friezinne yn Meksiko in noflike sosjale rûnte om har hinne. Ien fan harren blykte har efter-efternicht te wêzen. "Ze heeft een autobedrijf waar ik een auto huurde. We raakten aan de praat en raakten bevriend."
Omdat elkenien yn Meksiko twa efternammen hat, fregen se nei dy fan inoar. Doe't se beiden 'Sikkes' as antwurd joegen, begûnen de twa te puzeljen. "Toen kwamen we erachter dat we achter-achternichten zijn, haha."
Je waardeert je geliefden en omgeving des te meer als je die een tijd niet ziet.
Nynke Humalda út Snits
Ferline jier is Nynke troud en ferhuze mei Renán. Meksiko-Stêd waard ferruile foar Mérida. In wat kalmer plak mei mear natuer yn de buert.
Nynke ferhuze fan Meksiko-Stêd nei Mérida
© Nynke Humalda
"Er ligt een dichtbebost regenwoud. Daarnaast zijn er grotten met water waarin je kunt zwemmen. En dan zijn er ook nog de stranden, waar je heerlijk met een boek kunt genieten."

Werom nei Europa

Mar dat Nynke net honkfêst is, ûnderstreket se mei har lêste nijtsje: se is dwaande om werom te gean nei Europa.
"Renán en ik werden voor dezelfde ontwikkelingsorganisatie. Die heeft ook een kantoor in Keulen. En omdat ik wel wat dichter bij familie en vrienden wil zijn, is dit een uitgelezen kans", seit Nynke, dy't dernei útsjocht om aanst wer 'gewoan' nei jierdeis te kinnen.
En har âlden? "Die zijn blij om mij na 7,5 jaar weer in de buurt te hebben."
Sa fielt se dat sels ek. "Je waardeert je geliefden en omgeving nog meer als je die weinig ziet."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.