Omrop Fryslân

BROEI jout jonge kreative talinten de romte: "Dankzij BROEI heb ik deze kans gekregen"

BROEI helpt jonge makkers mei har idee foar bygelyks in film
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Jongeren mei in idee foar film, poëzy, teäter of muzyk kinne har wer oanmelde by BROEI. It plak dêr't se begelaat wurde om op it poadium te kommen.
BROEI jout jongeren dy't gjin tagong hawwe ta de kulturele ynstellingen in kâns. In professional, dy't se sels útsykje, wurdt harren coach.
Dit jier krige Berend Moed de gelegenheid om in koarte film te meitsjen. "Dankzij BROEI heb ik de kans gekregen."
BROEI NIJ
Hot Shot is in film fan 20-30 minuten oer de ûnderwrâld fan Ljouwert. "Het wordt een neo-noirfilm", leit Moed út.
"Het gaat over een oom en zijn neef. Die oom trekt zijn neef mee in zijn wereldje. Die neef vindt dat allemaal wel tof, totdat die wereld helemaal in elkaar stort en die relaties die in de film zitten."

Frikandel speciaal

In augustus is hy begûn mei draaien by Eethuis De Lorentz, in kafetaria oan de Lorentzkade yn de stêd. Dat heart neffens Moed by de Nederlânske kultuer. "Die groene vitrages, snackbar, frikandel speciaal. Dat moet er gewoon in."
De heit fan Berend spilet ien fan de haadrollen yn de film. "In het verhaal is hij een beetje de goede gast, totdat hij dat niet meer is. Oh, dat mag ik niet vertellen. Spoiler!"

Lêste faze fan de film Hot Shot

By BROEI hawwe se him finansjeel en kreatyf stipe.
"Als ik ergens tegenaan liep dan kon ik bij ze terecht voor advies. Door het hele proces heen hebben ze mij geholpen."
Berend syn coach wie profesjoneel filmmakker Mirjam de With. "Zij heeft letterlijk bij elke stap geholpen. Vanaf het script tot de productie en nu in de post-productie."
De film sit yn de lêste faze. "We zijn nu met muziek bezig, de geluidsnabewerking en kleur. We zijn aan het afronden."
Op de set fan Hot Shot
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
BROEI is in projekt dat jongerein tusken de 12 en 24 jier de kâns jout om harren eigen kulturele ideeën út te fieren. Dat kin wêze yn 'e foarm fan muzyk, teäter, film, in multymediale ynstallaasje of in hiel oar soarte projekt.
Jongeren mei in idee wurde keppele oan in profesjonele makker dy't harren begeliedt by de útfiering. BROEI is ûnderdiel fan Arcadia, it ferfolch op Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd.
Der wie dit jier in festival by Bouwurk yn july en dielnimmers dienen presintaasjes by it festival Simmerdeis yn de Sluisfabriek yn Drachten.

Raoul Heertje as coach

"Wy ha yn it ferline wol in jonge hân dy't hiel graach stand-up-comedian wurde woe", fertelt algemien lieder fan BROEI, Lourens van den Akker yn de Sluisfabriek yn Drachten.
"Hy hat Raoul Heertje benadere. Dy wie hiel enthûsjast en dy hat him in pear wiken lang begelaat. Hjir yn de Sluisfabriek hat hy optreden, mar ek bygelyks yn Walhalla yn Rotterdam."
Mayte, dielnimmer fan BROEI en winner fan Liet 2025
© Omrop Fryslân
In oar foarbyld fan de lichting fan dit jier is Mayte. Dy stie al wol op it poadum mei toaniel. Mar noch net mei har eigen muzyk. Troch BROEI is dat útkommen.
Mayte spile al in soad op it toaniel yn Jorwert. Op har eigen souderkeamerke makke se ek muzyk. Mei har eigen nûmers wie se noch nea nei bûten kaam. "Sy woe hiel graach ûndersykje hoe't dat is om mei har eigen muzyk op in poadium te stean", seit Van den Akker.

Súksesferhaal fan Mayte

Yn 2023 krige se fia BROEI de earste mooglikheden. "Se hat hjir ek yn de Sluisfabriek mei Simmerdeis foar it earst har muzyk foar in publyk hearre litten", fertelt Van den Akker.
"Under begeieding fan BROEI hat se dit jier har earste album opnaam. Se hat meidien oan Liet en dat hat se ek noch wûn. In súksesferhaal dus."
Berend Moed achter de kamera
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Hot Shot is nei ferwachting yn febrewaris klear.
Oanmelde foar BROEI kin op de webside oant 31 jannewaris. En yn juny set it begeliedingstrajekt foar de nije lichting útein.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.